Begraffenisgebrûk

Ut Wikipedy

De begraffenisgebrûken binne troch de jierren frijwat feroare.

Wylst de foarname lju yn de Republyk en dêrfoar yn de tsjerke begroeven waarden - leafst jûns by fakkelljocht of op snein en dan sa ticht mooglik by it alter of de kânsel - waarden boargers en earme lju faak op it tsjerkhôf begroeven. De âlde grêfstiennen yn de tsjerke - somtiden yn it middenpaad, ek ûnder de flier of tsjin de syd- of koarmuorre opsteld (fgl. Deinum en Friens) bringe dy tiid yn it ûnthâld.

Sûnt 1828, doe't it begraven yn de tsjerke ferbean waard, barde it begraven op it tsjerkhôf yn de rige en op it nûmer dat de famylje takomt. De nûmers oan de tsjerkemuorre of op pealtsjes moatte betizing foarkomme. Eartiids kamen de deaden yn it grêf dat oan de beurt wie. Riken en earmen, in hear en syn feint kamen njonken elkoar te lizzen. Fgl. it opskrift (1591) oan de noardmuorre fan de tsjerke yn Wommels dat oerienkomt mei it opskrift yn Pilsum yn East-Fryslân.

Yn de 20e iuw fersoarget in feriening mear en mear de begraffenis. Hjir en dêr foel it noch ûnder de buorreplicht. Nearne bestiet dan mear de situaasje lykas bygelyks yn 1811 op It Amelân dat buorlju de oansizzing dogge en ek 'hâlden binne it lyk te ûntklaaien en te kistjen, it lieden te dwaan, it grêf te meitsjen en it lyk te begraven'. De begraffenisgebrûken ferlieze hurd harren karakter en grutte. It kloklieden, de gong nei it tsjerkhôf en it beïerdigjen moatte neamd wurde. Hjir en dêr wurde de klokken let om in stjergefal te melden (it belieden) mar wol op in fêste tiid fan de dei en nei geslacht of leeftyd ferskillend wat doer en folchoarder fan de klokken oanbelanget. It lieden by de begraffenis, dat begjint sa gau at de staasje yn it sicht fan de toer is of sa gau (as men yn in lokaal gearkomt) de bier mei de kiste opnomd wurdt, is algemien. De klokken swije faak by it beïerdigjen, mar wurde wer let as de roustaasje oan de weromreis begjint. As de lêste begraffenisgonger fan it tsjerkhôf ôf is (resp. is de lêste frou -de froulju rinne efteroan- út it sicht fan de kloklieders) dan stoppet it lieden foargoed.

Faak bestie de lykstaasje út de lykkoets en 'it leedfolk' rinnend efter de wein. Meastentiids rinne de manlju foarop en komme de froulju yn de twadde groep. Ek de skieding troud en net-troud waard wol oanholden. It âlde 'reinkleed' wurdt net mear droegen en ek de wale is ferdwûn. Yn gruttere plakken folgen op de koets de auto's mei famylje en lju dy't útnûge wiene wylst oare belangstellenden rinnende folgen yn de wenstige folchoarder. Allinnich yn de grutte stêden sammelen alle lju dy't nûge waarden, en belangstellenden har op it hôf. Nei de oarloch wie de begraffenis meastentiids om 1 of 2 oere middeis, mar deaberne of jonge bern wurde om 4 oere of jûns (6 of 7 oere) begroeven, wêrby't dan allinnich de manlju meigeane. Faak wurdt der trije kear om it tsjerkhôf rûn. Nei de plechtichheid komt men gear yn it stjerhûs of in lokaal, mar net mear foar it leedmiel (yn de 17e iuw faak in bealgerij), mar om tee te drinken, wêrby't faak soeskreakels presintearre wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Begrafenisgebruiken.
  • J.J. Kalma - Repertorium Frieslands Verleden side 296 (Ljouwert, 1955)