Beekbergen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Beekbergen
Beekbergen
Beekbergen

Beekbergen (Nedersaksysk: Bekbargen of Bèèkbargen) is in plak op de Feluwe, besuden Apeldoarn, mei sa'n 5000 ynwenners. Bestjoerlik falt it ûnder de gemeente Apeldoarn yn de provinsje Gelderlân. Yn it simmerseizoen fertrijefâldiget de befolking ûngefear troch it grutte tal besikers fan de kempings en fakânsjeparken dy't yn de bosken om Beekbergen lizze.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Beekbergen is ûntstien yn de iere midsieuwen en wie oant healwei de 20e ieu in boeredoarpke mei in tsjerke, in pear herbergen en sûnt de 17e ieu ek in pear papiermûnen. Nei de Twadde Wrâldoarloch is Beekbergen bot groeid en hat it toerisme him sterk ûntjûn.

Doarpsoansjen[bewurkje seksje | edit source]

Nederlânsk herfoarme tsjerke Beekbergen

In soad winkels steane yn de buorren. Dêr stiet ek de herfoarme tsjerke. Yn de alfte ieu waard it koar en it skip yn Romaanske styl boud, dy't yn de trettjinde ieu ferfongen waarden troch bouwurken yn Goatyske styl.[1] Yn de tsjerke is it grêf fan ien fan de earste Feluwske papiermakkers, Marten Orges († 9 septimber 1626) te finen. Ien fan syn papiermûnen bestiet noch as nôtmole De Ruitersmole.

Omkriten[bewurkje seksje | edit source]

Beekbergen leit oan de râne fan de natoergebieten Loenermark, it Beekbergerwâld en it Spelderholt. Yn en om Beekbergen binne in soad soarchynstellings, ûnder mear âlderein/fersoargingstehûs, "De Vier Dorpen", en it âldste ferpleechhûs fan Nederlân (Het Zonnehuis). Nei it plak is it tichtbylizzende ferkearsknooppunt Beekbergen neamd.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | edit source]

Yn it tichtbylizzend doarpke Lieren stiet stasjon Beekbergen, in stopplak foar de toeristyske stoomtrein tusken Apeldoarn en Dieren dy't simmerdeis troch de Veluwsche Stoomtrein Maatschappij (VSM) eksploitearre wurdt.
De winkelljuferiening "Bemivo" (Beekbergse Middenstand Vooruit) organisearet al sûnt 1966 yn it simmerseizoen 'Feluwske merken' dêr't âlde ambachten as spinnen, touslaan, bijehâlden en klompesnijen demonstrearre wurde en pleatslike produkten yn kreammen kocht wurde kinne fan yn dracht klaaide ferkeapers en ek yn Feluwske boeredracht klaaide muzikanten.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | edit source]

Beekbergen leit oan de Europese kuierrûte E11, ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, no oant de grins fan Poalen mei Litouwen. Yn Beekbergen sit de fuotbalklup f.f. Beekbergen

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Beekbergen hat neat te krijen mei safarypark de Beekse bergen en leit dêr sa'n hûnder kilometer ôf.

Bekende persoanen mei in Beekbergenske eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. neffens in plakette dy't op de tsjerke oanbrocht is.