Bedum (gemeente)
Bedum is in doarp en gemeente yn de provinsje Grinslân. Der wenje 10.465 minsken (2008). De gemeente hat in oerflak fan 44,96 km². It leit op de grins fan de goaën Fivelgoa en Hunzegoa.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
Bedum (doarp), Ellerhuzen, Keningsleechte, Menkewar, Noardwâlde, Underdedaam, Underwierrum, Platteburch, Readwâld, Sint Annerhúskes, Ter Lean, Westerdykshoarn, Willemstreek en Súdwolde.
[bewurkje seksje] Skiednis
De rivieren Fivel en Hunze streamden sawat oant it jier 1000 stadich troch it gebiet wat hjoed de dei ta de gemeente Bedum rekkene wurdt. Yn de 6e ieu foar Kristus sette de earste minsken har yn Fivelgoa en Hunzegoa ta wenjen.
Yn de sechtiger jierren komme der hieltyd mear fasiliteiten yn de gemeente en dat lûkt minsken út de stêd Grins om har yn de gemeente Bedum nei wenjen te setten.
By de gemeentlike weryndieling fan 1990 soe de gemeente Bedum gearfoege wurde mei Ten Boer. Lang om let is der in oare kar makke. Mei de tiid hat de Gemeente Bedum in part fan syn grûn ferlern oan de Gemeente Grins.
[bewurkje seksje] Ferkear
It spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch de gemeente Bedum. Allinnich yn it haadplak Bedum is in treinstasjon. De busline 61 ferbynt ferskillende plakken yn de gemeente mei de stêd Grins. De wichtichste autodyk is de N 46.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Gemeente Bedum Nederlânsk
- Ynternetkrante fan Bedum Nederlânsk
| Provinsje Grinslân | |
|---|---|
| Appingedam | Bedum | Bellingwedde | Ten Boer | Delfsyl | Feandaam | Grins | Gruttegast | Haren | Hegesân-Sappemear | Iemsmûn | De Like | Loppersum | De Marne | Mearum | Menterwâlde | Oldambt | Pekela | Sljûchter | Stêdskanaal | Súdhorn | Vlagtwedde | Winsum |
|