Beatrix Potter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Beatrix Potter
Hill Top Farm

Beatrix Potter (Londen, 28 july 1866Sawrey, 22 desimber 1943) wie in Ingelsk skriuwster en yllustrator fan berneboeken. Hja waard wrâldferneamd mei har ferhalen oer Peter Rabbit ('Piter Knyn') en syn famylje.

Beatrix Potter waard berne yn in begoedige húshâlding yn Londen. Sy krige thús ûnderrjocht fan gûvernantes, dat hja hie net folle kunde oan oare bern. Simmerdeis, at har heit in bûtenpleats hierde yn Skotlân en letter yn it Lake District, hie Beatrix in soad omgong mei bisten en de natoer.

Potter har karriêre as skriuwster en tekenares berneferhalen begûn yn 1902 mei It ferhaal fan Piter Knyn. It ferhaal waard útjûn troch Frederick Warne. 1905 frege Beatrix har redakteur, Norman Warne, hat om mei him te trouwen. Hy waard lykwols siik en stoar in pear wike letter.

Itselde jier kocht Beatrix in pleats mei de namme Hill Top yn Sawrey yn it Lake District. Dêr brocht se safolle mooglik tiid troch, hoewol't sy noch by har âlden wenne. De pleats en it goa dêromhinne krigen in rol yn har ferhalen en in protte yllustraasjes litte plakken yn it Lake District sjen dy't oant hjoeddedei net feroare binne.

Yn 1913 troude sy abbekaat William Heelis en sette har foar fêst nei wenjen yn Sawrey. Skriuwen en skilderjen kamen doe op it twadde plak; de buorkerij en de skiepfokkerij gienen foar. Mei in erfenis fan har âlden en mei de royalty's fan har boeken koe hja stikken lân keapje om dy as beskerme natuergebiet te behâlden. Doe't sy yn 1943 ferstoar, liet hja de steat goed 1600 hektare natuer en fyftjin landerijen nei oan de National Trust.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

De 23 ferhalen

  • The Tale of Peter Rabbit (1902)
  • The Tale of Squirrel Nutkin (1903)
  • The Tailor of Gloucester (1903)
  • The Tale of Benjamin Bunny (1904)
  • The Tale of Two Bad Mice (1904)
  • The Tale of Mrs. Tiggy-Winkle (1905)
  • The Tale of the Pie and the Patty-Pan (1905)
  • The Tale of Mr. Jeremy Fisher (1906)
  • The Story of a Fierce Bad Rabbit (1906)
  • The Story of Miss Moppet (1906)
  • The Tale of Tom Kitten (1907)
  • The Tale of Jemima Puddle-Duck (1908)
  • The Tale of Samuel Whiskers or, The Roly-Poly Pudding (1908)
  • The Tale of the Flopsy Bunnies (1909)
  • The Tale of Ginger and Pickles (1909)
  • The Tale of Mrs. Tittlemouse]] (1910)
  • The Tale of Timmy Tiptoes (1911)
  • The Tale of Mr. Tod (1912)
  • The Tale of Pigling Bland (1913)
  • Appley Dapply's Nursery Rhymes (1917)
  • The Tale of Johnny Town-Mouse (1918)
  • Cecily Parsley's Nursery Rhymes (1922)
  • The Tale of Little Pig Robinson (1930)

Oare boeken

  • Peter Rabbit's Painting Book (1911)
  • Tom Kitten's Painting Book (1917)
  • Jemima Puddle-Duck's Painting Book (1925)
  • Peter Rabbit's Almanac for 1929 (1928)
  • The Fairy Caravan (1929)
  • Sister Anne (yllustrearre fan Katharine Sturges) (1932)
  • Wag-by-Wall (fersieringen troch J. J. Lankes) (1944)
  • The Tale of the Faithful Dove (yllustraasjes fan Marie Angel) (1955, 1970)
  • The Sly Old Cat (1906; foar it earst útbrocht 1971)
  • The Tale of Tuppenny (yllustraasjes fan Marie Angel) (1973)

Film[bewurkje seksje | edit source]

De biografy fan Beatrix Potter waard ferfilme troch Chris Noonan. De haadrollen hienen Renée Zellweger en de Skotske akteur Ewan McGregor. De film Miss Potter kaam begjin 2007 yn de bioskoop.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]