Beagle
De Beagle wie yn de 19e ieu in sylskip dat bekend wurden is troch ien fan syn passazjiers, Charles Darwin. Op 11 maaie 1820 waard HMS Beagle te wetter litten op de rivier de Teems yn Íngelân. De bou koste £7,803. Neidat it earst fiif jier yn reserve hâlden wie, waard it op 27 septimber 1825 omboud ta ekspedysjeskip.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Earste reis
Fan 22 maaie 1826 oant 14 oktober 1830 makke de Beagle syn earste reis. Dy earste reis wie in ekspedysje nei Patagoanje en Fjoerlân foar hydrografysk ûndersyk. De kaptein wie ynearsten Pringle Stokes, mar neidat dy himsels ombrocht hie, krige Robert FitzRoy it befel. Der waarden twa Fjoerlanners meinomd op de weromreis mei de bedoeling om har ta it Kristendom te bekearen, ta sindeling op te lieden en werom te bringen nei Fjoerlân.
[bewurkje seksje] Reis om de wrâld
Yn 1831 makke de Beagle, FitzRoy wie ek mei, in reis om de wrâld. Op dizze reis fear ek Charles Darwin mei as naturalist. Fan Southampton wei waarden earst de kusten fan Súd-Amearika oandien en de Falklâneilannen besocht. De twa Fjoerlanners waarden werom brocht. Fia de Galápagoseilannen, Austraalje en Súd-Afrika kearde hja yn 1836 werom nei Ingelân.
[bewurkje seksje] Tredde reis
Tusken 1837 en 1842 waard de Beagle foar de tredde kear foar hydrografysk ûndersyk brûkt. Op dizze reis waarden de kusten van Austraalje ûndersocht.
[bewurkje seksje] De lêste jierren
Oan de ein fan syn libben die de Beagle tsjinst as statyske wachtboat fan de douane foar de kust fan Esseks (yn it Teemsestuarium). Yn 1870 waard it skip ferkocht oan skroathannelers.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- The Voyage of the Beagle Charles Darwin