Beach Team Holland

Ut Wikipedy
Marleen van Iersel, foarmet mei Sanne Keizer in topduo
Reindor Nummerdor, foarmet mei Richard Schuil in topduo

It Beach Team Holland is de namme foar de oanpak dêr't in groep Nederlânske strânfollyballers mei in protte talint harren folslein by ynsette om it heechste yn harren sport berike te kinnen. Dy oanpak wurdt ek wol it Bankrasmodel op it sân neamd.

It begûn allegear yn 2007, doe't in groep entûsjaste spilers en treners yn gearwurking mei it Nederlânsk Follybal Bûn it idee ûntwikkelen. Al in pear jierren spilje ferskate Nederlânske strânfollyballers op it heechste nivo, mei goede resultaten ta gefolch. Omdat it Nederlânsk bûn de lêste stap nei de profesjonaliteit yn organisaasje en it ûnderstipjen ek graach sette wol, is it Beach Team Holland oprjochte. Yn dy oanpak is der romte foar de bêste manljus, frouljus en talintenduo's fan Nederlân. Alle duo's sitte yn ien topsportprogram, dat yn De Haach plak hat. Trochdat alles byelkoar sit binne der gjin bysaken mear foar spilers en treners en kin der treend en prestearre wurde op topnivo.

Yn de jierren nei it begjin bewiist de oanpak him al. It program foar de jongerein hat laat ta ferskate medaljes op it EK en it WK fan 2008. Ek diene der op de Olympyske Spullen fan 2008 trije duo's mei. Yn 2008 steane der trije manljusduo's yn de top 25 fan de wrâld. Yn 2008, 2009 en 2010 wurdt der troch it duo Reinder Nummerdor/Richard Schuil op it Europeesk kampioenskip goud helle. Ek de froulju prestearje yn de jierren nei de oprjochting goed, der wurde lykwols noch gjin medaljes helle, mar de froulju sitte der wol tichteby.

Seleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topduo's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Talinteduo's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begelieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De begelieding fan de duo's bestiet fierder út in medyske stêf.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]