Bassekou Kouyaté
Bassekou Kouyaté (Garana, 1966) is in muzikant út Maly dy’t ferneamd waard as firtuoas Ngoni-bespiler en modernisearrer fan de muzyk fan de West-Afrikaanske Griots. Ngoni ba is de namme fan syn band.
Hy waard berne yn Garana, yn Barouéli Cercle, 60 kilometer fan Ségou.[1] Doe't er tolve jier wie sette er útein mei it bespyljen fan de Ngoni. Ein jierren 80 ferhuze er nei de haadstêd Bamako.[2]
Kouyaté syn album Segu Blue[3] waard 2007 ynternasjonaal útbrocht troch ‘’Out Here Records’’ . It album waard produsearre troch Lucy Duran.[2] Teffens hat er meidien op in tal platen fan Toumani Diabaté [2] en yn ferskate Europeeske lannen konserten jûn.[2].
Kouyaté syn frou, Ami Sacko, is ek muzikant en spilet yn syn band.[2] Syn heit Mustapha Kouyaté bespile de ngoni en mem Yagaré Damba wie in praise-sjongster.[1]
Ynhâld |
Diskografy[bewurkje seksje]
- Toumani Diabaté: Songhai (Nuevos Medios, 1989)
- Toumani Diabaté: Djelika (Hannibal, 1995)
- Ali Farka Touré: Savane (World Circuit, 2006)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: Segu Blue (2007)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: I speak Fula (2009)
Prizen[bewurkje seksje]
- 2008 - BBC3 Awards for World Music - Album fan it Jier & Afrikaansk Artyst fan it Jier.[4]
- 2007: Tamani foar de beste fideoklip
- 2010: Kora Award yn de kategory 'Bêste tradysjonele keunstner'
Keppelings om utens[bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|