Basiliuskatedraal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Basiliuskatedraal

De Basiliuskatedraal is ien fan de meast ferneamde gebouwen fan Moskou en stiet oan it Reade Plein. De bou sette útein yn 1552 yn opdracht fan tsaar Iwan de Ferskriklike en duorre oantenmei 1561. Reden foar de bou wie de oerwinning fan de Russen op de Tartaarske stêd Kasan. De arsjitekt hat nei alle gedachten Posnik Jakowlew west. It ferhaal giet dat him, yn opdracht fan de tsaar, de eagen útstutsen binne om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje soe.

Offisjeel hiet it gebou de Maria-Foarspraak Katedraal, mar it is ferneamd as Basiliuskatedraal, nei de "hillige dwaas" Wassili, dy't dêr begroefen leit. It monumint is neffens de tradisjoniele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn 1670 binne de sipelfoarmige koepels beskildere yn ferskate kleuren, dêrfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.

De katedraal is in wichtich plak foar Russysk-Otterdokse leauwenden.