Bas Paauwe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bastiaan Jacob (Bas) Paauwe (Rotterdam, 4 oktober 1911 - *, 27 febrewaris 1989) wie in Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener. Hy spile it meast as middenfjilder.

Karriêre as spiler[bewurkje seksje | edit source]

Paauwe hat tusken 1929 en 1946 fuotballe by Feyenoord. Hy wie ien fan de tolve spilers dy’t op 27 maart 1937 mei in freonskiplike wedstryd tsjin it Belgyske Beerschot it nije stadion De Kuip iepenen. Der wienen 37.825 minsken by de wedstriid, Feyenoord wûn mei 5-2.

De middenfjilder spile 311 kompetysjewedstriden foar Feyenoord, hy sette dêryn 18 doelpunten. Ek kaam hy foar it Nederlânsk alvetal út, yn totaal 31 kear. Syn debút makke hy op 20 maart 1932 tsjin Belgje, it waard 1-4 foar Nederlân.

Earelist as spiler[bewurkje seksje | edit source]

KNFB Beker
1930, 1935
Lânskampioen
1936, 19

Karriêre as trener[bewurkje seksje | edit source]

As trener hat Paauwe by in grut tal fuotbalklups oan it wurk west. Hy arbeide by Maurits, HVC, Wageningen, WVC, Enschedese Boys, Ede en VVV.

Fan 1969 oant 1971 wie hy de trener fan SK It Hearrenfean. Hjir waard hy ek wol ‘vadertje Paauwe’ neamd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]