Barry Hughes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Barry Hughes (31 desimber 1937) is in eardere Britske fuotbaltrener en sjonger.

Hughes waard berne yn Wales en spile as fuotballer by de Ingelske klup West Bromwich Albion. Letter gie er nei Nederlân dêr't er ûnder oaren by Blauw-Wit spile. Hughes syn wurkpaad as trener begûn yn Harns, letter gie er nei Alkmaar. As trener fan HFC Haarlim ûntdekte hy Ruud Gullit. Hughes wurke ek noch by Go Ahead, dat er omdoopte yn Go Ahead Eagles, Sparta, FC Utert, MVV, FC Volendam eardat er yn 1986 foat de twadde kear by Sparta trener waard.

Hughes wie yn Nederlân ek ferneamd as sjonger fan karnavalslieten en televyzjepersoanlikheid. Hy presintearre op televyzje de Barry Hughes-kwis en spile gastrollen by De Mounties.

By Beerschot VAC einige hy yn 1989 syn trenerskarriêre. Hughes is troud mei de eardere presintatrise Elles Berger.