Bariton

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De bariton of baritontuba is it lytsere broerke fan de euphonium. Hy stiet stimd yn bes en hat in wat skerpere en hegere toan as de euphonium, wylst er dochs sêft is. Meastentiids hat in bariton trije fentilen hoewol't der ek guon mei in fjirde fentyl binne. Yn in brassband spylje twa baritons, de earste en de twadde bariton. De earste bariton spilet no en dan solistyske meldijen of tsjinmeldijen en moat meast ek hegere noaten spylje. De twadde bariton is mear begeliedend en spilet gauris de legere noaten fan de baritonpartij.

Bariton
Bariton + euphonium

Ferskillen tusken euphonium en bariton[bewurkje seksje | edit source]

De bariton en de euphonium lykje in soad op inoar mar binne dochs oars kwa klank en funksje. It ferskil sit him yn de foarm fan it ynstrumint: de bariton is silindrysk opboud wylst de euphonium koanysk boud is mei ferwiidzjende beker. De stimbuis fan de bariton kin der yn beide rjochtings ynstutsen wurde, wylst dy fan de euphonium der troch syn ferbreedzjende foarm mar yn ien rjochting ynpast.

De bariton stamt fan de hoarn ôf, wylst de euphonium fan de bastuba ôfstamt.