Bangui

Ut Wikipedy
Bangui
Bangî (Sango)
Bangui, winkeldistrikt
Bangui, winkeldistrikt
Polityk
Lân Sintraal Afrikaanske Republyk
Prefektuer Ombella-M'Poko
Boargemaster Jean-Barkes Gombe-Kette
Sifers
Ynwennertal 889.231 (2021)
Oerflak 67 km²
Befolkingsticht. 11.000 / km²
Hichte 369 m
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC+1
Lizzing Bangui yn de Sintraal Afrikaanske republyk
De rivier Ubangi oan de râne fan Bangui

Bangui is de haadstêd en de grutste stêd fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk. It meastepart fan de befolking fan it lân wennet yn Bagui en omkriten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard yn 1889 stifte as Frânske militêre post oan de Ubangirivier[1] yn de Frânske koloanje Haut-Oubangui (letter Oubangui-Chari; Boppe-Oubangui), dy't letter in part waard fan Frânsk Ekwatoriaal-Afrika. De plaknamme is ôflaat fan pleatslike steamfersnellingen. Bangui is sûnt de koloniale tiid it bestjoerssintrum fan it gebiet en nei de ûnôfhinklikens yn 1960 ek fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk. Yn 1979 waard diktator Jean-Bédel Bokassa, dy't ûnder oaren fan kannibalisme beskuldige waard, ôfset doe't er yn it bûtenlân wie. De lokale ferkiezings yn 1981 joegen in protte fjochterij tusken neifolgers fan tuskentrochpresidint David Dacko en chef-staf fan it leger André Kolingba. De lêste plege in steatsgreep en hie dêrnei 12 jier de macht yn it lân.

Yn 1996 ûntstie der oproer ûnder 200 soldaten fan it leger, no tsjin it bewâld dan diktator Ange-Félix Patassé, de opfolger fan Kolingba. Frânske yntervinsjetroepen sloegen de rebûlje lykwols del brochten Patassé op 'en nij oan de macht as presidint. De stêd waard lykwols slim plondere en der foelen goed 50 deaden. Juny 1997 wie der wer fjochterij by in militêre basis yn Bangui, nei't soldaten har net deljaan woenen ûnder de foarming fan in nasjonale ienheidsregearing troch de ditkear demokratysk keazen presidint Patassé.

In ûndersyk út 2003 fan it Kanadeeske bedriuw Mercer Human Resources Consulting neamd Bangui de op ien nei minste stêd yn de wrâld, nei Brazzaville. In oar ûndersyk yn deselde snuorje sjocht Bangie as de meast gefaarlike stêd fan de wrâld. Dat komt foar in part op rekken fan de frekwinsje fan steatsgrepen en oanfallen fan rebellen.[2]

Geografy en stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit op de noardlike ouwer fan de Ubangirivier justjes fierder fan in rige wetterfallen. Besuden fan de stêd makket de rivier in skerpe bocht nei it suden en is fierderop de grins tusken de Sintraal-Afrikaanske Republyk en de Demokratyske Republyk Kongo. Besuden de rivier leit de Kongoleeske stêd Zonga, dy't mei in fear ferbûn is mei Bangui. De hannel yn dat plak is lykwols yn de nederklits rekke meidat it ferkear him sûnt de jierren '80 foar in grut part nei it easten ferleatst hat.

It besjen wurdich binne in grutte triomfbôge yn Romeinske styl wijd oan Bokassa, it presidintieel paleis en de sintrale merk. Fiif kilometer noardliker spilet it meastepart fan it nachtlibben fan Bangui ôf. De merk mei de brede strjitten sa as de Avenue Boganda en it Place de la République binne it middelpunt fan it stedslibben.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtich foar de ekonomy binne de tekstylyndustry, de produksje fan libbensmiddelen, bier, griente en sjippe. Diamanten en hout wurde eksportearre.

Berne yn Bangui[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) World 66: Bangui Travel Guide
  2. (in) BBC Brazzaville - 'world's worst city' - 3 maart 2003