Balkasjmar

Ut Wikipedy
Lizzing fan it Balkasjmar
Balkasjmar

De Balkasjmar (Kazachsk: Балқаш көлi; Balqaş köli, Russysk: озеро Балхаш; Balchasjmar) is in mar yn it easten fan Kazachstan en de grutste mar dy't folslein yn it lân leit (de Aralmar is grutter, mar wurdt mei Oezbekistan dield). It oerflak beslacht 16.996 km².

De Balkasjmar hat in maksimale djipte fan 26 meter (trochsneed is de djipte seis meter). It streamgebiet beslacht goed 413.000 km² en leit foar in part yn Sina. It westlik part fan de mar bestiet út swiet wetter, de eastkant is sâlt. It skiereilân Sarymsek skiedt de beide parten. De mar wurdt fieden troch de rivier de Ily, dy't oer in mânske delta yn útmûnet. Allinnich de súdlike tûke fan de delta, mei in soad fisk, leveret altiten wetter oan. In lytsere leveransier fan wetter is de Karatal. De mar is endoreïsk, dat betsjut: it hat gjin ôffier.

Lykas de Aralmar wurdt de Balkasjmar stadichoan lytser en sâlter. De wichtichste oarsaak dêrfan is it yntinsive wettergebrûk (enerzjywinning, lânbou) út de oanswettende rivieren. De mar is boppedat bot fersmoarge.