Balistrjitte
Ut Wikipedy
De Balistrjitte is in seestrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Bali. It wetter is de grins tusken de Yndonezyske provinsjes East-Java en Bali en de ferbining tusken de Yndyske Oseaan en de Balisee yn it noarden. De Strjitte Bali is frijwat ûndjip en op it smelste plak 3 kilometer breed.
Der is in fearferbining fan Ketapang of Banyuwangi op Java nei Gilimanuk op Bali.