Backgammon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Backgammon is in boerdspul foar twa spilers. It is ien fan de âldste spultsjes dy't wy kinne. De Nederlânske fariant fan dit spul (mei oare regels) wurdt Tric Trac neamd.[1]

Backgammon is in race wêrby't beide spilers stienen oer it fjild nei de oare kant ta rinne litte moatte neffens de woarpen fan de dobbelstienen. De tsjinstanners rinne yn tsjinstelde rjochting. Losse stienen fan de tsjinstanner kinne slein wurde. It doel fan it spultsje is om jins 15 stienen as earste nei de oare kant ta te bringen en dêr út it spul te heljen. Wa't dit as earste dien hat wint it spul.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Hall, J. (2000). Hall's Iconografisch Handboek. Leien: Primavera Pers.
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Backgammon en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.