Baarnsk Lyseum

Ut Wikipedy
Baarnsk Lyseum (2012)

It Baarnsk Lyseum is in middelbere skoalle yn Baarn, oprjochte op 4 april 1919. De skoalle bestiet yn 2010 út in hafû-, in ateneum- en in gymnasiumôfdieling. De sinspreuk fan de skoalle is It paad fan de rjochtfeardigen is as de moarnsgloede.

Baarnsk Lyseum (2010)

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oanlis fan it spoar Amsterdam – Amersfoort yn 1874 en it spoar Baarn – Utert yn 1898, ûntwikkele Baarn him hurd ta in lúkse forinzegemeente. Yn de jierren ’10 fan de 20e iuw ûntstie der behoefte oan in skoalle yn it doarp. It Baarnsk Lyseum waard as in bysûnder neutrale school oprjochte troch in groep âlden, ûnder oare de Baarnske bankiersfamylje Pierson, neidat in fersyk om subsydzje foar de oprjochting fan in gemeentlik lyseum ôfwiisd wie.

Earste lokaasje

Foar 70.000 gûne waard de Filla Waldheim, neist it stasjon kocht. 'Waldheim’ wie de filla fan de famylje Teixeira de Mattos en is om 1875 boud. Yn septimber 1919 begûn it earste skoaljier, mei as earste rektor dr. J.A. Vor der Hake, nei wa't noch altiten in learlingefûns neamd is.

Skoalkranten en learlingeferiening

Yn 1924 kaam de earste skoalkrante Animo út, wêrfan de namme stiet foar Alle Naam Is Maar Onzin; yn 1926 rjochten learlingen de skoalferienining B.L.V. op. Sûnt dat jier kieze de learlingen harren fertsjintwurdigers, de Seniores. Begjin 2010 is in groep ûntefreden learlingen de online skoalkrante "Lyceumpenner" begûn omdat se net tefreden wiene mei de sensuer fan it skoalbestjoer yn de Animo.

Ynterlyseales[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei trije oare âldere lysea (it Amsterdamsk Lyceum, it Kennemer Lyseum yn Overveen en it Lorentz Casimir Lyceum yn Eindhoven) organisearret it Baarnsk Lyseum sûnt 1938 jierliks twa Ynterlyseales, wedstriden op sportyf en artistyk mêd. Oant inkele jierren ferlyn wie der in fiifde Lyseum dat meidie, it Nederlânsk Lyseum yn De Haach. Neidat dizze skoalle opholden wie te bestean waard dat plak ynnomd troch it Frijsinnich-Kristlik Lyseum, ek út De Haach. Ek dizze skoalle nimt no net mear diel oan de Lanlike ynterlyseale. De foarronde foar de Artistike Ynterlyseale op it Baarnsk Lyseum hjit Grandi Art (wat stiet foar Grandioas Artistyk).

Incrementum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1950 waard it "Incrementum" fan it Baarnsk Lyseum oprjochte, in aparte filla dêr't prinsesse Beatrix les yn krige mei lytse groepkes selektearre meilearlingen. Doe't alle prinsessen it Incrementum trochrûn hiene waard it yn 1964 dan ek wer sluten.

Earste nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Escherpylder
Escherpylder
Eschermonumint
De mafû der by

De âlde skoalle oan de Vondelleane wie wyls útwreide mei needgebouwen, mar de grutte groei oan learlingen, ek út omlizzende plakken, brocht de needsaak om te ferhúzjen.

Yn 1969 ferhuze de skoalle nei de Torenlaan, dêr't in grut, rom opsetten nijboukompleks komd wie. It nije skoalgebou waard feestlik iepene troch Keninginne Juliana. Letter soe har beppesizzer Prins Willem Alexander nei it Baarnsk Lyceum as learling gean.

Escherpylders

Yn de hal fan de skoalle steane twa pylders wêrfan de bekende keunstner Escher de tegels ûntwurp. De pylders binne spesjaal boud troch Escher dy't doe yn Baarn wenne. Syn bern gienen nei it BL en hy joech dêr geregeld gastlessen. Hy ûntwurp de unike pylders oan 'e ein fan syn libben. De iene pylder is dekorearre mei têgels mei motiven fan fûgels en fisken der op, dy't lykas wenst by Escher yn elkoar ferweefd binne. De oare pylder is fersierd mei tegels mei blommotiven yn in komplekse fiifhoeke. De tegels binne bakt troch De Porceleyne Fles yn Delft. Escher hie earder wol mear tegels foar pylders ûntwurpen, mar wie allinnich oer dizze pylders tefreden. By de ferhuzing driigje de pylders te sneuveljen, der is dêrom yn juny 2010 in aksje op tou setten om se te rêden. De tegels kinne dan adoptearre wurde, wêrnei't se losbikke wurde om se yn it nije gebou wer te brûken. Yn deselde hal hinget ek in tinkplaat foar de âld-learlingen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch harren libben foar de frijheid joegen.

Twadde nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 4 juny 2009 waard begûn oan de bou fan in nij skoalgebou, yn gearwurking mei de Waldheim-mafû. Yn maaie 2010 rûn de bou efterstân op troch in ferkearde planning yn de eineksamenperioade. Dêrtroch moast de bou stillein wurde moast yn ferbân mei lûdoerlêst en kaam it Baarnsk Lyseum lanlik yn it nijs. Nettsjinsteande dat koe it earste part fan 'e nijbou yn septimber 2010 yn gebrûk nommen wurde en de rest neffens planning yn 2011.

Bekende âldlearlingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende âldleararen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: