Bûnte gril

Ut Wikipedy
bûnte gril
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai grillen (Calidris)
soarte
Calidris alpina
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De bûnte gril of bûnte grilk (Calidris alpina) is in fûgelsoart út de famylje fan de Snipfûgels.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte gril is in 17 oant 21 sm grutte fûgel, likernôch sa grut as in protter. De fûgel hat in wjukspanwiidte fan 32 oant 36 sm en waacht sa'n 40-60 gram. Hy kin 24 jier âld wurde.
De bûnte gril hat in ûnopfallende brúngrize tekening. By winterdeis binne de fearren ljocht fan kleur. Yn de briedtiid wurde de fearren op de rêch roastbrún mei donkere flekken, ek hat de fûgel dan in swarte búkflek. De bûnte gril hat swarte poaten en in donkere snaffel dy't oan it útein in bytsje nei ûnder bûgd is.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte gril syn briedgebiet leit meast op de arktyske toendra's, yn lytser tal briede se ek wol súdliker. It binne echte trekfûgels dy't somtiden grutte ôfstannen ôflizze om te oerwinterjen, dit hinget wol fan harren briedgebiet ôf.
De fûgels dy't op de Sibearyske toendra's briede en fan Grienlân en Yslân oerwinterje meast oan de westkust fan Afrika. Dizze fûgels binne ûnder it trekken yn it foar- en neijier faak yn grutte kloften te sjen op it waad dat healwei op de rûte nei it oerwinteringsgebiets leit.
De fûgels dy't yn East-Aazje briede, oerwinterje faak yn Súdeast-aazje. De bûnte grillen dy't yn Noard-Amearika briede hawwe meast net sa'n grutte ôfstân ôf te lizzen mar briede wat súdliker oan de Atlantyske kust of de kust fan de Stille Oseaan.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte gril yt it meast ynsekten. Yn it briedgebiet yt er fierder spinnen, slakken en wjirms. Bûten de briedtiid hâld de bûnte gril him meast op oan de kust. Hjir yt de fûgel lytse dierkes dy't yn it slyk te finen binne lykas skulpdieren, lytse kreeften en wjirms.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte gril briedt yn in kûltsje op de grûn. Troch syn ûnopfallende kleur is de fûgel op it nêst net maklik te sjen. It wyfke leit 4 brún flekte aaien dy't troch beide âlden yn trije wike útbret wurde. De jongen bliuwe ek noch in trije wiken by de âlden foardat se harren sels rêde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]