Bêdepanne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boppeside, klep fan gielkoper
Underside fan readkoper

In bêdepanne is in âldfrinzich, hast antyk gebrûksfoarwerp. Yn de tiid dat der noch gjin kruken wienen waarden dizze brûkt om yn de winter it bêd foar te ferwaarmjen.

It gehiel bestiet út in platrûne izeren of koperen bak mei in knierjend lid mei fentilaasjegatsjes. On dizze panne sit in lange metalen of houten stâle fêst. De panne koe fold wurde mei gleone stiennen, siedend wetter of gloeiende koaltsjes, dit lêste wie lykwols net sûnder gefaar om samar tusken de lekkens te skowen.

De bêdepanne liket op in koekepanne, mar dan mei in ekstra lange stâle en it al earder neamde lid. Yn Hylper keamers hinget er ek wol as pronkstik oan de muorre.

De term bêdepanne wurdt ek wol brûkt as alternatyf wurd foar de yn in sikehûs in soad brûkte en wolbekende ûnderstek, it ekwivalent fan it Ingelske “bedpan”, en brûkt om ûntlêsting fan siken en bêdlegerigen yn op te fangen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: