Ayrton Senna
Ut Wikipedy
Ayrton Senna Da Silva (São Paulo, 21 maart 1960 - Bologna, 1 maaie 1994) wie in Brazyljaansk Formule 1-autokûreur. Wie wrâldkampioen yn 1988, 1990 en 1991.
Ayrton Senna begûn al mei hurdriden doe't er fjouwer jier wie, yn in kart.
Hy stoar by de Grutte Priis fan San Marino yn 1994. Ayrton Senna waard beskôge as de bêste autoracer fan syn tiid, fergelykber mei Juan Manuel Fangio yn de jierren fyftich.
[bewurkje seksje] Statistiken
- Aktive jierren: 1984 - 1994
- Grand Prix: 161
- Pole positions: 65
- Oerwinnings: 41
- WK punten: 614
- snelste rûnten: 19
[bewurkje seksje] Literatuer
- Segers, Jan - Senna, de rechtervoet van God. Baarn: De Fontein, 1994
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ayrton Senna fan Wikimedia Commons. |
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |