Avro Manchester
Ut Wikipedy
De Avro 679 Manchester wie in Britske bommesmiter fan begjin Twadde Wrâldkriich.
[bewurkje seksje] Koarte skiednis
De earste flecht wie yn july 1939. A.V. Roe and Company makke mar 20 stiks fan de oarspronklike ferzje, Manchester Mk I. Fan de Manchester Mk IA mei gruttere rolroeren en in fan 6,71 m nei 10,06 m fergrutte sturtwjukspanwiidte, waarden 200 fabrisearre. Sy tsjinnen fan novimber 1940 oant mids 1942. De Manchester die bliken in mislearring te wêzen; har fleaneigenskippen wiene net sa min, mar de swierrichheden mei de ûnbetroubere RR-Vulture motoren wiene grut. De fuortsette ûntjouwing fan de fjouwermotorige Manchester Mk III late begjin 1941 lykwols ta de tige kapabele Avro Lancaster.
[bewurkje seksje] Technyske feiten
| Avro Manchester Mk. IA | |
| Feiten | |
|---|---|
| Lingte | 20,98 m |
| Spanwiidte | 27,46 m |
| Startgewicht (max) | 25.402 kg |
| Motor | Twa Rolls-Royce Vulture I fan 1.312 kW (1.784 HK) it stik |
| Topfaasje | 426 km/h op in hichte fan 5.181 m |
| Maks. fleanberik | 2.622 km mei 3.629 kg bommen |
| Bemanning | 7 |
| Bewapening | Acht Browning-MGs, kaliber .303 inch (7,7 mm), oant 4.695 kg bommen |