Avisennaboskmûs

Ut Wikipedy
Avisennaboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus avicennicus
Darvish, Javidkar & Siahsarvie, 2006
IUCN-status: net beoardiele

De avisennaboskmûs of Avisenna's boskmûs (Latynske namme: Apodemus avicennicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn 'e omkriten fan 'e stêd Fakhrabad, yn de Iraanske provinsje Yazd. Nei alle gedachten hat er him dêr fêstige ûnder in wietere klimatologyske perioade en is er dêr yn 'e midden fan in woastynbiotoop isolearre rekke doe't it klimaat neitiid wer drûger waard.

Algemiene beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De avisennaboskmûs waard pas yn 2006 as in aparte soarte beskreaun en erkend. Hy is ferneamd nei de grutte Perzyske wittenskipper Avisenna (980-1037). Syn pels is op 'e rêch griisbrún en op 'e bealch witich. Guon eksimplaren hawwe in oranje plak op it boarst. De sturtlingte is yn 'e regel grutter as de kop-romplingte, en de kjiftosken binne relatyf lyts. Fierders ferskilt de avisennaboskmûs fan oare soarten boskmûzen troch de struktuer fan syn plasse (skedel).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.