Avezzano

Ut Wikipedy
Avezzano
Polityk
Lân flagge fan Itaalje Italië
Regio Abruzzo
Provinsje L’Aquilla
Sifers
Ynwennertal 42.487 (2016)
Oerflak 104,04 km²
Befolkingsticht. 410 / km²
Hichte 695 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Gemeente Avezzano


Lokaasje fan Avezzano.

Avezzano is in stêd en comune yn de regio Abruzzo, provinsje L’Aquilla yn Itaalje. De stêd leit likernôch 80 kilometer eastlik fan Rome yn de midden fan it lân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastiel Orisini.

Der binne twa gongbere ferhalen oer wêr’t de namme fan it stedsje wei komt: fan “Ave Jane”, wat fan de Romeinske God Janus komt, en fan “Ad Vetianum”, wat “nei de Vetia famylje” betsjut, dy’t wennen yn it deunby leine Alba Fucens. De earste delsettings yn it gebiet begûnen mei it wurk oan it drainaazje systeem fan de Fuciner mar ûnder it bewâld fan Keizer Klaudius yn de earste iuw. Yn de 15e iuw stie Avezzano ûnder it bewâld fan de Orsini famylje, dy’t yn 1490 dêr in kastiel bouden.

Avezzano lei ea oan de iggen fan de Fuciner Mar, dat earder de grutste mar fan sintraal Itaalje wie, it waard drainearre yn de 19e iuw; nei it drainearjen fan de mar, ûntwikkele it gebiet him gau mei tank oan de fruchtbere grûn wêr’t goed op buorke wurde koe no’t de mar drûch lei. It gebiet waard hast folslein ferneatige troch de nei alle gedachten swierste ierdskodding yn de skiednis fan Itaalje. De ierdskodding barde ier yn de moarn fan 13 jannewaris 1915, allinne Casa dei Palazzi en in part fan it Kastiel Orisini bleaunen oerein stean, mear as 29.000 minsken ferstoaren. Yn maaie 1944 rekke de krek opboude stêd wer swier skansearre troch bombardeminten.

Hjoed-de-dei is Avezzano in moderne stêd mei in rjochtlinich strjitteplan en romme parken. It is in wichtich kommersjeel, yndustrieel en agrarysk sintrum foar it berchgebiet mei in tige ûntwikkele technyske sektor. Op koarte ôfstân fan de stêd stiet in park mei radioteleskopen fan it bedriuw Telespazio. It Amerikaanske bedriuw Micron Technology hat hjir ek in fêstiging.