Auxiliary Power Unit

Ut Wikipedy
De útlit fan in APU oan de sturt fan de Airbus A380
APIC APU foar de Airbus 318/319/320/321

In auxiliary power unit (APU) of helpoandriuwingsienheid is in apparaat dat in ferfiersmiddel de enerzjy jout foar funksjes oars as de oandriuwing. APU’s sitte fral yn fleanmasines, mar ek wol op in stikmannich grutte weinen (sa as tanks en frachtweinen) en op skippen.

Fleanmasines[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In fleanmasine-APU leveret de enerzjy foar it starten fan de turbinemotors. Dy hawwe swiere rotorblêden, dy't earst in heech toeretal hawwe moatte eardat de kompresje yn de motor heech genôch is om de brânstof te ûntstekken. Dat proses freget mear enerzjy as in akku of elektryske batterij leverje kin, sûnder dat dy ûnbidich grut en swier is. De APU wurdt start mei in elektromotor dy't wol oan de praat brocht wurde kin mei in akku (as in oare eksterne krêftboarne). De APU jout dêrnei de elektryske enerzjy foar it fleantúch en de pneumatyske enerzjy foar it op gong bringen fan de motors.

APU's leverje ek stroom foar de elektryske systemen oan board fan de fleanmasine at dy noch stilstiet. Fierders leveret de APU pneumatyske druk om de airconditioningsystemen oan te driuwen. Guon APU’s binne ferbûn mei in hydraulyske pomp, sadat monteurs en crews it fleantúch bestjoere kinne sûnder dat de haadmotoaren oan hoege. Dat systeem kin ek as backup brûkt wurde as de motors útfalle yn de flecht.

Romtefeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

APU's binne ek in tige wichtich ûnderdiel fan romtefearen. APU’s dy't yn de romtefeart brûkt wurde jouwe gjin elektryske stroom mar hydraulyske druk. In spaceshuttle hat trije APU’s dy't op hydrazine rinne. Sy wurkje allinnich by it opstigen (leverje de krêft foar de kardanyske ophinging fan de motors) en lânjen (foar de remmen).

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bell YFM-1 Airacuda wie it iennichste tastel ea boud mei in APU dy't de brânstofpompen en alle elektryske systemen oandreaun.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]