Autoritarisme (politikology)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yndieling autoritêre steaten neffens de ngo Freedom House

Autoritarisme is in polityk systeem dat kenmerke wurdt troch de folgjende eleminten:

  • Der is gjin machtsdieling: de lieder of de liedende groep ferienet alle machten yn ien hân. Der is gjin skieding fan de machten (wetlike, útfierende, rjochterlike), oerienkomstich it begjinsel fan de "Trias politica".
  • De machtsútoefening wurdt ek net kontrolearre, útsein troch de machthawwers sels. De typyske manifestaasjes fan demokratyske kontrole (polityk pluralisme mei respekt foar partijen yn opposysje, in frije parse dy't opinys en analyzes ferkundigje mei dy't stridich binne mei dize fan it rezjym, respekt fan essinsjele boargerrjochten, ûnder oare de frije mieningsutering) wurde net tolerearre.
  • De legitimaasje fan it gesach en de makke beliedskeuzes bart autoritêr: de beslissing moat akseptearre wurde omdat se komt fan dejinge dy't it gesach hat, en net omwille fan in rasjonele útlis. Yn dit model is er sels romte foar de boarger om ynwindich net yn te stimmen mei de doelstellings fan it autoritêr rezjym, salang't hy him mar yn syn dieden konformearret oan de wil fan de lieding (de wet neilibbet). Dat ûnderskiedet it autoritarisme fan it totalitarisme, dêr't it rezjym net allinnich de dieden, mar ek de geasten fan de befolking folslein behearskje wol, fia in algemien te akseptearjen ideology.
  • It ôftwingen fan folchsumheid bart net troch te besykjen de ynstimming fan de boargers te krijen, mar wol troch maatregels fan ûnderdrukking en geweld. Autoritêre regimes lizze in sterke neidruk op plysje en binnenlânske ynljochtingetsjinsten.