Auke Reitze Bloembergen

Ut Wikipedy

Auke Reitze (Auke) Bloembergen (De Bilt, 28 augustus 1927 - Wassenaar, 1 novimber 2016) wie in earder riedshear yn de Hege Ried fan de Nederlannen.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloembergen helle syn rjochtebul oan de Ryksuniversiteit Utert yn 1949. Nei in karriêre as abbekaat en as wittenskiplik meiwurker oan de Utertske universiteit waard hy (nei syn promoasje) yn 1965 heechlearaar Boargerlik Rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien as opfolger fan de 1964 hommels ferstoarne Jan Drion. Fan 1979 ôf hie Bloembergen sit yn de Hege Ried.