Auke Visser
Appearance
Auke Visser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Auke Visser | |
oare namme | Auke de Sloper, âldste hooligan fan de stêd | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 septimber 1918 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 17 jannewaris 2014 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | âld izer hanneler |
Auke Visser, better bekend as Auke de Sloper of "âldste hooligan fan de stêd" (Ljouwert, 29 septimber 1918 - dêre, 17 jannewaris 2014) wie in markant figuer út de haadstêd fan Fryslân. Hy hie in hannel yn âld izer en krige lanlike bekendheid troch syn optreden yn it tillefyzjeprogramma Man Bijt Hond, tegearre mei syn broer Jan, dy't yn 2008 ferstoar.
Auke de Sloper wie fanatyk oanhinger fan SC Cambuur en dêrfan krige hy syn oare bynamme.