Auguste Comte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Auguste Comte

Isidore Marie Auguste François Xavier Comte (Montpellier, 17 febrewaris 1798Parys, 5 septimber 1857) wie in Frânsk wiskundige en filosoof. Hy wie ien fan de earste wittenskipsfilosofen en de grûnlizzer fan it positivisme, dat bedoeld wie om oan de malêze ûntstien nei de Frânske Revolúsje in ho ta te roppen. Auguste Comte heart ek ta de grûnlizzers fan de sosjology. Syn religy fan de minskheid ("L'amour pour principe et l'ordre pour base; le progrès pour but") waard populêr yn Frankryk, Meksiko en it Brazyljaanske keizerryk en stoar in sêfte dea oan it begjin fan de 20e ieu.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Auguste kaam út in strang katolike amtnersfamylje. Doe't syn skoalle, de École Polytechnique yn 1814 sletten waard, (op befel fan Loadewyk XVIII, ûnder de Restauraasje), waard Comte ien fan de folgelingen fan de utopysk-sosjalistyske tinker Claude Henri de Rouvroy, greve fan Saint-Simon (1760-1825), dy't him yn tsjinst naam as sekretaris. Comte naam yn 1824 ûntslach omdat er hieltyd mear ôfwykte fan de ideeën fan Saint-Simon en omdat er tenei wegere om syn eigen wurk te publisearjen ûnder de namme Henri de Saint-Simon.

Dêrnei joech er earst priveelessen om yn syn ûnderhâld te foarsjen, û.o. oan Alexander von Humboldt. Under ien fan syn lessen oer positivisme stoarte er yn, wat it begjin oankundige fan in 15-jierrige perioade fan symptomen fan depressje en paranoia.

Yn 1825 boaske er mei Caroline Massin om har te rêden (sa't er ferklearre) fan de prostitúsje. Syn houlik wie ûngelokkich. Finansjele problemen, wurkstress en relaasjeproblemen dreaune him ta kranksinnigens. Yn 1829 wie er der wer boppe op kommen, begûn op 'e nij mei lesjaan en besocht ferskate kearen om ta heechlearaar beneamd te wurden. Yn 1833 waard er beneamd oan de École Polytechnique, mar al gau waard er wer ûntslein. Yn 1838 betocht er it begryp sosjology (sjoch Skiednis fan de sosjology).

Yn 1842 skiede er fan Massin. Comte libbe fan de jeften fan folgelingen en freonen, wêrûnder de ferneamde Ingelske tinker John Stuart Mill.

Nei twaris besocht te hawwen himsels fan kant te meitsjen en in ferbliuw yn in psychiatryske ynstelling, moete er yn 1844 de aadlike dame Clothilde de Vaux, dy't syn leafde ôfwiisde, mar troch harren korrespondinsje in djipgeande, religieus tinte ynfloed op him útoefene. Twa jier letter wie hja dea. Comte begûn har te ideälisearjen.

Yn 1849 kaam er mei in foarstel om in positivistyske religy en kalinder yn te fieren, besteande út 13 moannen fan 28 dagen, plus ien dei om de deaden te betinken. Yn 1851 ferwolkomme er de steatsgreep fan Napoleon III.

Doe't er yn 1857 stoar - syn testamint befiemet 500 siden - hie er al in kultus om syn persoan hinne foarme en waard syn positivisme, dat fral stal krigen hie yn de wet fan de trije stadia, wiidferneamd. Hy waard troch syn folgelingen, wêrûnder Willem de Constant Rebecque, dy't ree wie syn fortún yn te setten foar it altruïstyske doel, hast as hillige beskôge.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Monumint foar Auguste Comte, op Place de la Sorbonne yn Parys

Comte stelde him de ferbettering fan de maatskippij ta doel en basearre syn oplossing op it kredo "Oarder en foarútgong". Dy twa begripen waarden oant doe ta beskôge as net te ferienigjen. De foarútgong dêr't de tinkers fan de Ferljochting rotsfêst yn leauden, wie neffens harren nammentlik ûnskiedber ferbûn mei gaos. Comte beskôge it as syn doel om de Frânske Revolúsje ôf te sluten.

Neffens Comte wie it earste betingst foar it ferbetterjen fan de maastkippij it ûntwikkeljen fan in nije, teoretyske wittenskip oer dy maatskippij. Yn it positivisme fan Saint-Simon, dat útgong fan de wet fan de foarútgong, seach er de ideäle metoade foar dy wittenskip. Comte hat de wet fan de foarútgong werformulearre as de wet fan de trije stadia. As programferklearring foar de nije wittenskip (de sosjology), skode Comte it bedjipjen fan de wetten dy't de sosjale wurklikheid behearskje nei foarren.

Uteinlik is Comtes ideaal fan maatskiplike oarders syn wurk sa sterk begûn te behearskjen dat it religieuze skaaimerken krige. Hy ûntwurp in Religy fan de Minskheid en kroane himsels ta hegepryster. De Religy fan de Minskheid foarme in ramt om syn stribjen nei maatskiplike oarder hinne, dat op sprekkende wize útdrukt wurdt yn syn devys "Oarder en foarútgong". Neffens Comte leit de grûnslach fan alle maatskiplike oarder ommers yn in mienskiplik stelsel fan opfettings en ideeën. Hy beskôget dat stelsel as de "lym" wêrmei't de ôfsûnderlike dielen fan de maatskippij (húshâlding, tsjerke, steat) troch konsensus oan inoar fêstplakke.

Foar in soad lju wie it ferskinen fan Religy fan de Minskheid it punt wêrop't se it wurk fan Comte, dat yn akademyske fermiddens lange tiid net echt populêr west hie, skouderen. Dochs genoat Comte yn Ingelân wat bekendheid, fral tanksij syn freon en goeddogger John Stuart Mill, wat ek de reden is wêrom't Herbert Spencer letter fan syn ideeën gebrûk meitsje koe by it ûntwikkeljen fan syn sosjaal-evolutionistyske maatskippijfisy.

Dêrneist fûnen syn ideeën ek wjerklank yn inkele Latyns-Amerikaanske lannen, lykas Meksiko. De positivisten stelden dat it klassyk liberalisme yn Meksiko har histoaryske taak foltôge hie, it ferdriuwen fan de konservativen, it brekken fan de macht fan de Roomsk-Katolike Tsjerke en it ynfieren fan in grûnwetlike regear, mar murken op dat it no tiid wie it revolúsjonêre liberalisme efter harren te litten en yn stee dêrfan it omtinken te rjochtsjen op stabliliteit en groei. It devys "Oarder en Foarútgong" fan Comte pronket bygelyks noch hieltiten op de Brazyljaanske flagge. De Brazyljaanske grûnwet fan 1891 wie trochdrinze mei de positivistyske ideeën fan Auguste Comte.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • John Stuart Mill,Auguste Comte et le positivisme, oerset út it Ingelsk troch G. Clémenceau, neisjoen troch M. Bourdeau, L'Harmattan, 1999;
  • Mary Pickering, Auguste Comte: An Intellectual Biography, Cambridge University Press (1993), Paperback, 2006 ;

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Auguste Comte en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.