August Hirsch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
August Hirsch

August Hirsch (Dantzig, 4 oktober 1817 - Berlyn, 28 jannewaris 1894) wie in Dútske dokter en medysk histoarikus.

Hy waard dokter yn Dantzig nei syn stúdzje oan de Humboldt Universiteit fan Berlyn en de Universiteit fan Leipzig. Om reden van syn ûndersyk oer malaria en syn wurk Handbuch der historisch-geographischen Pathologie, waard er yn 1863 beneamd ta professor yn Berlyn. As lid fan de Dútske Goalera Kommysje, bestudearre er yn 1873 de sitewaasje yn Posen en West-Prusen en skreau dêr oer in ferslach (1874). Hy bestudearre letter de pest yn Astrakan (1879 en 1880) en skreau dêr oer in rapport oan syn regear.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Die grossen Volkskrankheiten des Mittelalters, Hecker's fannijs besjoen, 1865
  • Jahresbericht über die Fortschritte und Leistungen der Medizin, mei Rudolf Virchow, 1866 et seq.
  • Die Meningitis Cerebro-spinalis Epidemica, 1866
  • Geschichte der Augenheilkunde, 1877
  • Handbuch der historisch-geographischen Pathologie, 3 Vols., 1881-1886
  • Biographisches Lexikon der hervorragenden Ärzte aller Zeit, redakteur, 6 Vols., 1884-1888
  • Geschichte der medizinischen Wissenschaften in Deutschland, 1893