Atje Keulen-Deelstra
| Atje Keulen-Deelstra | ||
| Atje Keulen-Deelstra yn aksje op de 1500 meter, Dimter 1972 | ||
| Namme | Atje Keulen-Deelstra | |
| Bynamme | Us Atsje | |
| Bertedatum | 31 desimber 1938 | |
| Berteplak | Grou | |
| Stjerdatum | 22 febrewaris 2013 | |
| Stjerplak | Ljouwert | |
| Sportive ynfo | ||
| Sport | reedriden | |
| Underdiel(en) | Koartebaan, Langebaan, Maratonriden | |
| Earste titel | 1969 NK Koartebaan | |
| Olympyske Spullen | Sapporo 1972 | |
| Debút | 1963 | |
| Karriêre-ein | 1980 | |
| Ekstra | Yn 1999 útroppen ta Frysk Sporter fan de 20ste ieu | |
| Wichtige prestaasjes | ||
| yn 1970 in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2 | ||
Atje Keulen-Deelstra (Grou, 31 desimber 1938 - Ljouwert, 22 febrewaris 2013), ek wol Us Atsje neamd, is ien fan de ferneamdste Fryske reedrydsters. Se troude mei de Jirnsummer boer Jelle Keulen. Se krigen trije bern wêrfan't de jongste, Boukje ek yn wedstrydferbân reedriden hat, mar dêryn minder suksesfol wie as har mem. Fan de beide soannen Kees en Goos helle dy lêste in beskieden sukses as keatser troch yn 1983 mei syn maten foar Jirnsum in 4e priis op de Freulepartij yn Wommels te winnen.
Yn it begjin fan de santiger jierren fan de 20e ieu helle Atsje har grutte suksessen. Se soe 4 kear Wrâldkampioene en 3 kear nûmer ien op in Europeesk kampioenskip wurde. Dêrneist waard se ferskate kearen Nederlânsk kampioene en wie se in betûft koartebaanrydster, sa waard hja op har 16e famkeskampioene fan Fryslân. Op de Olympyske Winterspullen 1972 yn Sapporo wûn Keulen-Deelstra in sulveren en twa brûnzen medaljes. Keulen-Deelstra waard yn 1970 ferkeazen ta Sportfrou fan it jier.
Yn 1997 ried hja inkele wiken nei't hja ferwûne rekke wie by in ferkearsûngemak noch de Alvestêdetocht.
Grutste suksessen [bewurkje seksje]
Wrâldkampioene:
- 1 maart 1970 yn West Allis
- 5 maart 1972 op It Hearrenfean
- 25 febrewaris 1973 yn Strömsund
- 24 febrewaris 1974 op It Hearrenfean
- 16 jannewaris 1972 yn Ynzell
- 11 febrewaris 1973 yn Brandbu
- 3 febrewaris 1974 yn Medeo
Op 14 maart 1970 ried se in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2.
De Alvestêdetocht lei se sawol op redens, fytsend as rinnend ôf.
Resultaten (rest) [bewurkje seksje]
| jier | NK Allround |
EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
Olympyske Spullen |
|---|---|---|---|---|---|
| 1969 | 7e | ||||
| 1970 | 4e | ||||
| 1971 | 4e | NS2 | 4e | ||
| 1972 | 4e | 6e 500m |
|||
| 1973 | |||||
| 1974 |
- NS = net start op twadde ôfstân
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Atje Keulen-Deelstra by de NOC-NSF
- Atje Keulen-Deelstra by SkateResults.com
- Statistyk op Speedskatingnews
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atje Keulen-Deelstra fan Wikimedia Commons. |