Ataulf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stanbyld fan Ataulf yn Madrid (F. Castro, 1750-53).

Ataulf ek Atawulf wat nobele wolf betsjut (sa. 375 - † Barselona, augustus 415) wie kening fan de Fisigoaten tusken 410-415. Under him ferlitte de Fisigoaten Itaalje, ferbleauwen in skoft yn it suden fan Galje en arrivearen yn Noard-Spanje. Hy troude mei Gallia Placidia dy't as gizeler by him ferbleau.

Keningskip[bewurkje seksje | edit source]

By gebrek oan erfgenamten waard de ferstoarne Alarik troch syn sweager Ataulf opfolge. Fanwege fiedseltekoarten oan de kust fan de Tyrreenske See fierde dizze it folk yn 411 fierder troch Itaalje de Alpen oer nei Galje, wêrby de trochgongsgebieten, sa rapportearre troch Jordanes, de yndruk joegen, troch in sprinkhoannepleach troffen te wêzen.

Yn Galje arrivearre, tred Ataulf yn ûnderhanneling mei de Romeinske keizer Honorius. De ûnder de plondering fan Rome meisleepte suster fan de keizer, Galla Placidia, tsjinne dêrby as ruilmiddel. Der kaam in oerienkomst, wêrnei de Fisigoaten koaren en lân yn Galje belove waard, mei as tsjinprestaasje Galla Placidia frij te litten en tsjin de usurpator Jovinus fjochtsje. Ataulf belegere ferfolgens Jovinus yn Valentia, naam him finzen en levere dizze út oan de praefectus praetorio fan Honorius. Mar de oerienkomst waard net folslein neilibbe omdat Ataulf wegere Galla Placidia werom te stjoeren. De keizer hâlde it strienedige nôt tsjin, sadat de Fisigoaten twongen waarden yn Súd-Galje te bliuwen. Nettsjinsteande it feit dat Ataulf ferwûn rekke wie by it belis fan Massilia waarden de stêden Narbo, Tolosa en Burdigala ferovere.

Yn 414 boasket Ataulf mei Gallia Placidia en laat de Goaten nei Tarraconensis (Noard-Spanje). Galla baarde him yn 415 in soan dat lykwols al nei in moanne ferstoar. Koart dêrop waard Ataulf yn Barselona ombrocht troch in wraaksuchtige knecht en opfolge troch de Goat Singerik. Dizze luts de macht oan him sûnder it beslút fan de Ding, de gearkomst fan legerlieders ôf te wachtsjen. Sigerik hie net langer dan in wike alle macht, mar lit in spoar fan bloed efter. Ek alle bern fan Ataulf út in earder houlik wurde troch him fermoarde.

De Spaanske skriuwer Orosius hat in goede beskriuwing efterlitten fan Ataulf. Earst woe der alles wat Romeinsk wie út de wei romje, mar al gau hie der troch dat syn eigen folk te banneleas en min ûntwikkele wie om de Romeinen te ferfangen. [1]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Schreiber, H,, De Goten, Vorsten en vazallen, siden 211-214, Amsterdam/Brussel-1979.

Primêre boarnen:

  • Jordanes, De origine actibusque Getarum
  • Orosius, Historium adversum paganos VII, 43, 4-7
  • Olympiodoros fan Teben: Fragmente

Fuotnoat:

  1. H. Schreiber (1979), "De Goten, Vorsten en vazallen, side 212.

Keppeling om utens: