Asunción

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Asunción
La Muy Noble y Leal Ciudad de Nuestra Señora Santa María de la Asunción
Montaazje fan Asuncion
Montaazje fan Asuncion
Sifers
Ynwennertal 680.250 (2009)
Oerflak 117 km²
Befolkingstichtens 4.411 / km²
Stêdekloft 2.164.316 op 1000 km²
Hichte 43 m
Polityk
Lân Paraguay
Oar
Stifting 15 augustus 1537
Koördinaten
Webside [1]


Asunción (folsleine namme: La Muy Noble y Leal Ciudad de Nuestra Señora Santa María de la Asunción) is de haadstêd fan Paraguay. De agglomeraasje mei de namme Gran Asunción, omfiemet de stêden San Lorenzo, Fernando de la Mora, Lambaré, Luque, Mariano Roque Alonso, Ñemby en Villa Elisa en hat sa'n 2.1 miljoen ynwenners. De stêd leit oan de rivier de Paraguay.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Asunción is de sit fan it regear, wichtichste lofthaven en ekonomysk en kultureel sintrum fan Paraguay. De wichtichste yndustryen binne tekstyl en tabak. De stêd hat in tal opmerklike gebouwen, wêrûnder it Panteón Nacional – in lytsere ferzje fan it Hôtel des Invalides – dêr't de nasjonale helden begroeven binne. Dêrneist binne it Catedral Metropolitana en de Casa de Independicia foarbylden fan it koloniale erfgoed. De âlde koloniale stêd is foar it meastepart ferdwûn yn de jieren 70 en 80 fan de 20e ieu troch renovaasje.

Berne yn Asunción[bewurkje seksje | edit source]