Astrid Kersseboom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Astrid Kersseboom

Astrid Kersseboom (Vlaardingen, 14 jannewaris 1966) is in Nederlânske nijslêster.

Astrid Kersseboom besocht de Akademy foar de Sjoernalistyk in Tilburch, ear’t hja oan’t work gie as bedriuwssjoernalist by it Enerzjybedriuw Rotterdam. Dat hat sy in lyts jier dien en yn 1988 gie hja oan de slach by Omrop Brabân. Sûnt 1998 wurket se by de NOS, earst as nijslêzer by de radiobulletins. Fan 2001 ôf presentearre se by Studio Sport, dêr’t hja de Sportsjoernaals foar har rekken naam. Dêrneist foel se yn by it NOS Sjoernaal. Yn 2004 stapt se definityf oer nei it NOS Sjoernaal.

Al sûnt 1999 falt Kersseboom út en troch yn as presintator by it Radio 1 Sjoernaal. Hja wie yn 2006 en 2008 de presintatrise fan it jieroersjoch fan it NOS sjoernaal en die ferskate ferkiezingsútstjoeringen. Kersseboom wurdt neamd as opfolchster fan Maartje van Weegen as ferslachjouwer Keninklik Hûs by NOS Actueel. Fan 2007 oant en mei 2010 presintearre se de televyzjeútstjoering om Keninginnedei hinne.

Yn 2010 spriek se it Giro 555 spotsje yn foar de oerstreamingen yn Pakistan.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen