Astana
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Astana | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 708.794 (2010) | |
| Oerflak | 722 km² | |
| Befolkingstichtens | 958/ km² | |
| Hichte | 347 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Kazachstan | |
| Dielgebiet | Astana | |
| Oar | ||
| Stifting | 1824 | |
| Tiidsône | Bûtaanske Tiid, BTT (UTC+6) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Offisjeel webstee Astana | |
Astana (earder Tselinograd en Aqmola, Kazachsk en Russysk: Астана) is de haadstêd fan Kazachstan en leit oan de rivier Isjim, yn Noard-Kazachstan, yn in flak steppegebiet.
De stêd, dy't yn 2010 sa'n 709.000 ynwenners telde, is sûnt 1997 haadstêd fan Kazachstan. De namme betsjut 'haadstêd' yn it Kazachsk. Polityk en regearing binne de wichtichste ekonomyske faktoaren yn Astana. Astana foarmet in spesjale ekonomyske sône.
Nur Astana-moskee
It besjen wurdich [bewurkje seksje]
Der binne noch in protte bouprojekten net klear, sa as ambassades, represintative kades de rivier Isjim by lâns, ynfrastruktuer foar ferfier en kommunikaasje, ensafuorthinne.
- de moderne regearingswyk
- de ouwers fan de Isjim
- it "Oseanarium"
- it Islamitysk sintrum
- de roomsk-katolike katedraal
- de merkehal
- it Histoarysk Museum fan Kazachstan
- de piramide fan frede