Asmara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Asmara
Asmara Collage - ኣስመራ.png
Sifers
Ynwennertal 579.000 (2006)
Befolkingstichtens (53.38/km2)
Hichte 2.400 m.
Polityk
Lân Eritrea
De haadstrjitte fan Asmara

Asmara is de haadstêd fan Eritrea. Mei in befolking fan likernôch 579.000 ynwenners (2006) is de stêd fierwei de grutste fan it lân. Asmara leit op in hichte fan 2400 meter. Tichtby de stêd leit it fleanfjild Asmara International Airport. In spoarline ferbynt de stêd mei de havenstêd Massawa.

Klean en tekstyl, bier, skuon, en keramyk binne de wichtichste yndustriële produkten. Yn de stêd wurdt ek in protte fleis ferwurke.

[bewurkje seksje] Skiednis

Asmara wie in lyts doarp doe't it yn 1880 ta in regionaal bestjoersintrum fan Etioopje makke waard. Yn 1900 waard it troch de Italjaanske kolonialen haadstêd fan harren koloanje Eritrea. Op de ein fan de jierren tritich feroaren de Italjanen it oansjen fan de stêd enoarm. In protte nije gebouwen ferskynden dy't neffens plan boud waarden. Hjirtroch krige Asmara de bynamme fan Piccola Roma ('lyts Rome').

Asmar jildt noch hieltyd as ien fan de kreaste stêden fan Afrika.

[bewurkje seksje] Berne yn Asmar

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen