Asjchabad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Asjchabad
Aşgabat, Ашхабад

Ashkhabad
Poltoratsk (1919-1927)

Ashgabat1.jpg
Sifers
Ynwennertal 947.221 (2010)
Hichte 22 m
Polityk
Lân Turkmenistan
Provinsje Ahal
Oar
Stifting 1818
Koördinaten

Asjchabad (Turkmeensk: Aşgabat, Perzysk عشق آباد; Eshgh-abad, Russysk Ашхабад; Asjchabad) is de haadstêd fan de Sintraal-Aziatyske republyk Turkmenistan. Asjchabad leit yn de woastyn Karakum oan de foet fan it Kopet-Dagberchtme. De wichtichste yndustry is dy fan de tekstyl.

Asjchabad is in relatyf jonge stêd: de earste delsetting ferskynde om 1818 op de ruïnes fan de âlde siderûtestêd Konjikala, dêr't yn de 2e ieu fan sein waard dat dêr wyn makke waard. De namme soe fan it Perzyske Ashk-abad komme wat soksawat 'de stêd fan Arsaces' betsjut. De namme wurdt ek wol ferklearre út in ferbûging fan it Perzyske Eshq (leafde) en abad (plak).

Yn 1869 waard tichtby Asjchabad in Russysk fort op in hichte boud; dat makke it plak feiliger as at it wie en luts keaplju en ambachtslju. Asjgabad bleau ûnder Perzje oant 1881, doe waard it oermastere troch Tsaristysk Ruslân. De stêd koe har oan de ein fan de 19e ieu ûntjaan, neidat se yn 1885 oansletten waard op it Trans-Kaspyske spoar. Tusken 1919 en 1927 hjitte de stêd Poltoratsk, nei de revolúsjonêr Pavel Poltoratski. Yn 1948 hie de stêd swier te lijen fan in grutte ierdskodding.

Yn Asjchabad waard tusken 1902 en 1907 de earste bahai-timpel fan de wrâld boud. Under it kommunisme waard de it gebou as bibleteek brûkt. By de ierdskodding fan 1948, dêr't sawat 2/3 fan de befolking by omkaam, rekke it gebou swier skansearre en yn 1963 waarden de oerbliuwsels opromme.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]