Arthur Wellesley

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arthur Wellesley, 1e hartoch fan Wellington

Arthur Wellesley, 1e hertog van Wellington (Mornington House, Dublin, 1 maaie 1769 – Walmer Castle by Dover, 14 septimber 1852), mei de bynamme Izeren Hartoch, wie in Britsk-Iersk militêr oanfierder en letter steatsman fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân. Hy fersloech Napoleon yn de Slach by Waterloo (1815).

Wellesley, burggreve (1809), greve (febrewaris 1812), markys (oktober 1812) en sûnt 1814 hartoch fan Wellington, wie befelhawwer fan de Britske troepen yn de Spaanske Unôfhinklikensoarloch (1808 – 1814). Hy tsjinne ek as premier fan it Feriene Keninkryk fan 1828 oant 1830.

Under mear waard de haadstêd fan Nij-Seelân, Wellington, nei him ferneamd. Teffens krige it gerjocht Beef Wellington syn namme en ek de Wellington boots ("Wellies"), de Ingelske oantsjutting foar rubberlearzens.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.