Arthur C. Clarke Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arthur C. Clarke Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch British Science Fiction Association
Science Fiction Foundation
Sci-Fi-London-filmfestival.
frekwinsje 1x jiers
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1987
1e útrikking 1987
offisjele webside
www.clarkeaward.com

De Arthur C. Clarke Award is in Britske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan 'e as bêste beoardiele science fiction-roman dy't yn it foargeande jier foar it earst yn Grut-Brittanje publisearre is (it komt dus foar dat sokke romans al earder yn oare lannen útjûn binne). De priis is ferneamd nei de Britske auteur Arthur C. Clarke (1917-2008), dy't yn 1987 in skinking die dêr't de priis mei oprjochte wurde koe.

De winners wurde keazen troch in faksjuery besteande út leden fan 'e British Science Fiction Association, de Science Fiction Foundation en it Sci-Fi-London-filmfestival. Oan 'e priis is in boekesteun mei in gravearre ynskripsje en in bedrach yn Britske pûnen ferbûn dat oerienkomt mei it jier (dus bgl. £2014 yn it jier 2014). De Arthur C. Clarke Award wurdt wol beskôge as de wichtichste en meast prestizjeuze Britske priis op it mêd fan science fiction. Foar in folsleine list mei winners en nominearden, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.