Arnold Genthe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arnold Genthe, selsportret
Sacramento Street nei de ierdskodding

Arnold Genthe (Berlyn, 8 jannewaris 18699 augustus 1942) wie in fotograaf, meast ferneamd fan syn fotoos fan Chinatown San Fransisko), de ierdskodding fan 1906 en syn portretten fan foaroansteande minsken.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Genthe wie in soan fan to Louise Zober en Hermann Genthe, learaar Latyn en Gryksk oan it Graues Kloster yn Berlyn. Arnold gie yn syn heite fuotleasten en waard klassikus; hy helle in doktoraat yn de filology yn 1894 oan de Universiteit fan Jena, dêr't er ek kunde hie oan de keunstner Adolf Menzel, in neef fan syn mem.

Genthe fotografearret Jack London en syn freonen by Karmel oan de See
Karikatuer fan Arnold Genthe troch de Kubaanske keunstner Conrado Massaguer

In 1895 ferhuze er nei San Francisko om dêr priveelearaar te wurden en dêr learde er himsels it fotografearjen. Hy bot ynteresse yn de Sineeske wyk fan de stêd en fotografearre dy syn bewenners, fan bern oant drugsferslaafden. Somtiids ferskûle er syn kamera en soms bewurke er de foto's sa dat ynfloeden fan de Westerske kultuer net mear te sjen wiene. Der binne sa'n 200 fan dy Chinatownfotoos bewarre bleaun. It binne teffens de iennich bekende fotoos fan dy wyk fan foar de grutte ierdskodding fan 1906.

Genthe syn fotoos ferskynden yn pleatslike blêden oan de ein fan de njoggentige jierren. Doe iepene er in eigen portretstudio en mei stipe fan begoedige kunde waard syn reputaasje aloan grutter. Ta syn klanten hearden Nance O'Neil, Sarah Bernhardt, Nora May French. en Jack London.

Yn 1906 gie syn studio ferlern troch brân by de ierskodding fan San Fransisko, mar waard op'en nij boud. Looking Down Sacramento Street, San Francisco, April 18, 1906 lit de gefolgen fan de ierdskodding sjen en waard syn meast ferneamde foto.

Koart skoft letter gie Genthe by de keunstnerskoloanje yn Karmel-oan-de-See, dêr't er him talei op keunstfotografy en as ien fan de earsten op kleurefotografy

Yn 1911 ferfarre er nei New York City, dêr't er oant syn dea ta bliuwe soe. Hy wie dêr noch tsientallen jierren in portretfotograaf fan namme. Theodore Roosevelt, Woodrow Wilson en John D. Rockefeller hie er foar de kamera. Hy sette Greta Garbo en moderne dûnsers lykas Anna Pavlova, Isadora Duncan en Ruth St. Denis op potret, dy't útjûn waarden yn The Book of the Dance. Yn de jierren tweintich makke er ek in rige stedsgesichten fan New Orleans.

Autogrome neakenstúdzje

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Arnold Genthe, The Book of the Dance, Boston, Mass.: International Publishers, 1920, c. 1916
  • Arnold Genthe, foreword by Grace King, Impressions of Old New Orleans, New York: George H. Doran Co., c. 1926
  • Arnold Genthe, Isadora Duncan: Twenty Four Studies, New York: M. Kennerley 1929; reprinted by Books for Libraries, 1980 ISBN 0-8369-9306-3
  • Arnold Genthe, As I remember, New York: Reynal & Hitchcock, c. 1936
  • Arnold Genthe, Highlights and Shadows, New York: Greenberg, c. 1937
  • Arnold Genthe, selection and text by John Tchen, Genthe's Photographs of San Francisco's Old Chinatown, New York: Dover Publications. 1984 ISBN 0-486-24592-6

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens s[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: