Arjen Harmens Witteveen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Arjen Witteveen)

Arjen Harmens Witteveen (Aldegea, 8 septimber 1894 - Ljouwert, 10 novimber 1952) wie in arsjitekt.

Hy wie in foarman fan it Roomsk Frysk Boun, pleiter foar ferantwurde buorkerijbou en lânskipsbeskerming. Boude ûnder oaren it Karmelkleaster yn Drachten en tsjerken yn Sleat en Huzum.

Sûnt 1969 bestiet it Arjen Witteveen-Fûns dat ta doel hat it befoarderjen fan it gebrûk fan de Fryske taal op kultureel, godstsjinstich, maatskiplik en tsjerklik terrein.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De landelijke Friesche arbeiderswoning in verleden en toekomst (1946)
  • Fryske boukinst en hwat der mei mank is (1948)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: