Arent van Halmael

Ut Wikipedy
Arent van Halmael, skildere troch Jan van Wicheren

Jonkhear Arent van Halmael (Amsterdam, 17 oktober 1788 - Ljouwert, 29 septimber 1850) wie in jurist. Hy troude op 1 novimber 1820 mei Catharina Anna Ruitinga te Ljouwert.

Fan Halmael studearre rjocht oan de Universiteit Leien. Hy wie auditeur-militêr, earst yn Amsterdan, in jier letter te Ljouwert (1817). Hy hie niget oan Fryske skiednis, wie oprjochter en sintrale figuer fan 'Constanter' (1819) en die mei oan it 'Frysk Jierboek', 'Vrij Friesland' en Friesche Volksalmanak. Hy besoarge mei M. de Haan Hettema it Stamboek van den Friese Adel (1846). Wie, yn it Nederlânsk, skriuwer fan op de Fryske skiednis basearre toanielstikken (û.o. Reinier en Willem v. Oldenbarnevelt, 1825; Ats Bonninga, 1830; Adel en Ida, 1831; Radboud de Tweede, 1839), balladen, poëtyske ferhalen en proazastikken.

Hy wie beskermhear fan Wopke Eekhoff.[1]

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bijdragen tot de geschiedenis van het tooneel, de tooneelspeelkunst, en de tooneelspelers, in Nederland door Mr. A. van Halmael Jr. [2]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • W. Eekhoff, Voorlezing over het leven van Mr. Arent van Halmael Jr. en zijne verdiensten omtrent de geschiedenis en letterkunde van Friesland, Warkum: Brandenburgh 1853.
  • G. A. Wumkes, Bodders. S. 429-430
  • G. A. Wumkes, Paden II

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Halmael, Arent van.

  1. Historisch Centrum Leeuwarden
  2. Google Books