Arafurasee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arafurasee
Locatie Arafurazee.PNG
Lokaasje tusken Yndoneezje en Austraalje
See Grutte Oseaan
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 650.000 km²
Djipte (maks.) 3680 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 150 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 560 km
Lingte 1290 km
Oer
{{{oer}}}
Seeën fan Yndoneezje

De Arafurasee is in rânesee fan de Grutte Oseaan en leit tusken Yndoneezje en Austraalje, súdwestlik fan West-Papoea.

De trochsneed djipte is tusken de 50 en 200 meter. De see hat net safolle skipfeart en der binne noch in soad frijwat ûnbekende dielen, saneamde unsurveyed areas. Op seekaarten wurde dy gebieten dúdlik oanjûn mei it each op mooglik gefaar foar de skipfeart.

De Arafurasee is in wichtich fiskfangstgebiet foar de oanswettende regio's. Lykwols driget der (yllegaal) oerbefiskjen en fersmoarging. Meast wurdt tonyn, makriel, ferskate sardinesoarten en grenaten fongen, dy't ek útfierd wurde. Der wurdt tocht dat ûnder it kontinintaal plat grutte ierdoalje- en ierdgasfjilden sitte.[1]

Om ekonomyske ûntjouwing en beskerming fan wetter en libjende organismen goed te regeljen, is der sûnt 2003 in gearwurkingsferbân fan steats- en net-steatske organisaasjes ûnder de namme „The Arafura and Timor Seas Experts Forum (ATSEF)“ opset, dy't ûndersyk en gearwurking tusken de steaten Austraalje, Yndoneezje, Papoea Nij-Guinea en East-Timor koördinearret.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Albert Rolff, Erdöl in Südostasien und seine volkswirtschaftliche Bedeutung für Westeuropa
  2. Grundinformationen zum Arafura Seas-Timor Seas Experts Forum