Apolloflinters

Ut Wikipedy
De apolloflinter.

De apolloflinters (Parnassiinae) binne in ûnderfamylje fan de paazjes (Papilionidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ûngefear 50 soarten apolloflinters, dy’t wyt of giel binne. Apolloflinters binne flinters dy't op grutte hichten fleane. Se komme foar yn Aazje, Europa en Noard-Amearika.

Apolloflinters binne grutte flinters mei tin beskobbe wjukken. Dielen fan de wjukken binne dan ek trochsichtich. Mantsjes fan dizze soarten binne echt sneupers. Se fleane de hiele dei troch harren territoarium op 'e siik nei wyfkes. Ûnder it pearjen wurdt in stof troch de mantsjes ôfskaat. Dizze stof wurdt hurd en bliuwt as in soart kapke op it wyfke sitten. De funksje fan dit kapke is net hielendal dúdlik. Yn elts gefal kin in wyfke mei in kapke net wer pearje. Mantsjes toane hielendal gjin belangstelling mear foar wyfkes dy’t peare hawwe, oft se no wol of net in kapke hawwe.

Der binne soarten apolloflinters dy't aaikes lizze op plakken wêr't neat te sjen is. Letter yn it jier as de aaikes útkommen binne groeit op itselde plak in plant dêr't de rûpen fan ite kinne. De rûp sil earst net te folle ite. De rûp jout de plant de kâns om te groeien en om him te fermearderjen. Is de plant útbloeid dan yt de rûp de plant as in razende mei stâle en al op.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]