Anton de Haen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Antonius (Anton) de Haen (Den Haach, 8 desimber 1704 - Wenen, 5 septimber 1776) wie in Nederlânsk dokter, dy't as heechlearaar en as earste direkteur fan de medyske klinyk fan de Universiteit fan Wenen beneamd waard.

Anton de Haen

Bydragen oan de genêskunde[bewurkje seksje | edit source]

De Haen makke detailearre kasusbeskriuwings fan pasjinten en wie in grut foarstander fan post mortemûndersyk, om in ferbân te lizzen tusken syktebeskriuwings en resultaten fan autopsy. Ek makke er in soad brûk fan de koartstermometer. Hy beskreau it temperatuerferrin by ferskate syktes. Dat wie doe nij.

De Haen wie ek ien fan de pioniers op it mêd fan reanimaasje. Hy betocht in metoade foar it befoarderjen fan fentilaasje fan de longen dy't no efterhelle is, mar dy't út en troch dochs fertuten dwaan kin, de sameamde "Heilingsmetoade".

De Haen wie, doe't er yn 1754 nei Wenen helle waard, in fûleindich tsjinstander fan ynintsjen tsjin pokken, dat doetiids foarstien waard troch ûnder oaren James Jurin (1684-1750); neffens De Haen die it mear kwea as goed.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Verhandeling van de tegenwoordige ziekte en sterfte van het rundvee (1745)
  • Quaestiones saepius motae super methodo inoculandi variolas, and cuas directa eroditorum responsa Hucusque desideratur (1757)
  • Theses pathologicae de haemorrhoidibus / A medicinae studiosis ordine defendendae, et oppugnandae (1759)
  • Wederlegging van de inentinge... dienende tot antwoord, op twee, in het jaar MDCCLIX. te voorschyn gekomene, stukjes (1760)
  • Proeven omtrent de voornaamste hulpmiddelen ter reddinge van drenkelingen en andere ongelukkigen, die door eenige oorzaken verstikt, hun leven byna of waarlyk schynen verloren te hebben (1771)
  • Ratio medendi in nosocomio practico (1773)
  • De magia liber (1775)
  • Heilingsmethode (1783)
  • Tractatus de vermibus intestinorum corporis humani, et ictero

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • J. Boersma - Antonius de Haen, 1704-1776: Life and Work, Janus 1961; 50: 264-307

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]