Anthony Christiaan Winand Staring

Ut Wikipedy
Portret fan Staring
troch P.Velyn, útjouwer Johannes Immerzeel

Anthony Christiaan Winand Staring (Gendringen, 24 jannewaris 1767 – eigen bûtenpleats De Wildenborch yn Vorden, 18 augustus 1840) wie in Nederlânske dichter.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anthony Christiaan Winand Staring mei 6 jier (yn 1773)
troch Pieter Frederik de la Croix

Staring wie in romantyske dichter yn ieren en sinen, ien fan in stikmannich Nederlânske dichters dy't sa bekend steane. Syn romantyske ynslach utert him yn syn ûnderwerpen (legindes), beskriuwings fan de natuer en de wize wêrop er dat die, gefoelich en koartswilich. Staring wie in útrinder yn de dichterlike fertelkeunst. In goed foarbyld dêrfan is de "Jaromir-syklus", mar ek mei Marco en De hoofdige boer waard er ferneamd. Dochs hat er net folle wurdearring hân om't syn literêre wurk dreech en net sa tagonklik wêze soe. Tsjintwurdich moatte syn lêzers ek oan de universiteit socht wurde.

Staring wie Achterhoeker yn ieren en sinen. Hy hâlde yn syn jeugdjierren ta yn it Súd-Hollânske Gouderak en yn Gouda.[1] Syn heit wie yn tsjinst fan de VOC útstjoerd nei Kaap de Goeie Hope. De seisjierrige Anthony waard salang ûnderbrocht by syn omke, de widner Jacob Gerard Staringh, dy't predikant yn Gouderak wie. Nei de Frânske skoalle fan master Willem Muys (1773-1776) en de Latynske skoalle te Gouda folge te hawwen ( 1776 tot 1782) ferliet er Gouda foar fierdere stúdzje.[2] Hy folge opliedingen oan de Universiteit fan Hurderwyk en yn Göttingen om him ta te rieden op it behear fan syn lânguod en Kastiel De Wildenborch, dêr't er him yn 1791 foar altyd nei wenjen sette.

Syn wize fan eksploitaasje fan syn bûtenpleats wie yn dy tiid tige bysûnder. De lânman Staring hie omtinken foar de natoer, mar ek foar it ferlet fan it minskdom. Hy liet op De Wildenborch in skoalle bouwe, dêr't de bern fan boeren en lânarbeiders ûnderwiis krigen (lykas Lev Tolstoi dat letter ek die op Jasnaja Poljana).

Politikus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Staring waard yn 1797 keazen as lid fan de Twadde Nasjonale Fergadering, mar naam dy funksje net oan. Fan 1802 oant 1805 wie er lid fan it bestjoer fan departemintaal Gelderlân. Fan 1812 oant 1813 wie er presidint fan de kantonnale ried Lochem. Yn maart 1814 naam er diel oan de Gearkomste fan Notabelen. Hy wie fan 1814 oant 1831 lid fan Provinsjale Steaten fan Gelderlân, mei in ûnderbrekking fan twa jier yn de perioade 1824-1826.[3]

Houliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Staring boaske op 6 juny 1791 yn Almen oan Everdina Maria van Löben Sels (1765-1794). Hy troude fannijs op 22 july 1798 te Maarssen mei Johanna Andrea Charlotte van der Muelen (1774-1843). In soan út it twaddehoulik wie de boskbouwer, geolooch en wettersteatkundige Winand Carel Hugo Staring (1808–1877). In dochter út it twadde houlik - Constantia - liet de Staringkoepel oan de Berkel sette.

Priuwkes fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gedicht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wij schuilden onder dropplend lover,
Gedoken aan den plas;
De zwaluw glipte 't weivlak over,
En speelde om 't zilvren gras,
Een koeltjen blies, met geur belaân,
Het leven door de wilgenblaân.
't Werd stiller; 't groen liet af van droppen;
Geen vogel zwierf meer om
De dauw trok langs de heuveltoppen,
Waar achter 't westen glom;
Daar zong de Mei zijn avondlied!
Wij hoorden 't en wij spraken niet.
Ik zag haar aan, en, diep bewogen,
Smolt ziel met ziel in een.
O toverblik dier minlijke ogen,
Wier flonkring op mij scheen!
O zoet gelispel van dien mond,
Wiens adem de eerste kus verslond!
Ons dekte vreedzaam wilgenlover;
De scheemring was voorbij;
Het duister toog de velden over;
En dralend rezen wij.
Leef lang in blij herdenken voort,
Gewijde stond! geheiligd oord!

Gedicht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DE KRIJGSGEVANGENEN
"Kaptein!" — "Waar zit je! Kom! Dit bosch is niet te trouwen."
"'k Heb twee Gevangnen!" — "Breng ze meê." —
"Ik wordt door beide vastgehou'en,
En kan niet van de steê."

Spreuk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DAGELIJKSCH DOEN
De rijpe Kennis hoort,
De onrijpe neemt het woord.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Henk Povée yn: Tien eeuwen tussen Lek en IJssel, Bussum 2004, ISBN 90-6868-378-0
  2. Dr. Jan Schouten yn: Gouda van sluis tot sluis, 's-Gravenhage 1977, ISBN 90-233-0372-5
  3. parlement.com. A.Ch.W. Staring