Anthony A. Hoekema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Anthony Andrew Hoekema (Drachten, 1913 - 17 oktober 1988) wie in kristlik teolooch dy't 21 jier professer yn de Systematyske teology wie oan it Calvin Theological Seminary.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Hoekema emigrearre nei de Feriene Steaten yn 1923. Hy studearre op it Calvin Kolleezje (A.B.), de Universiteit fan Michigan (M.A.), it Calvin Theological Seminary (Th.B.) en it Princeton Theological Seminary (Th.D., 1953). Nei ferskate jierren grifformeard predikant west te hawwen (1944-56) waard er Associate Professor of Bible oan it Calvin-kolleezje (1956-58). Fan 1958 oant syn pinsjoen yn 1979, wie er heechlearaar Sysyematyske teology oan it Calvin Theological Seminary yn Grand Rapids, Michigan. Professer Hoekema bestege in sabbatical fan twa jier yn Cambridge, Ingelân (1965-66, 1973-74).[1]

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

It meast bekende wurk:

  • The Four Major Cults: Christian Science, Jehovah's Witnesses, Mormonism, Seventh-Day Adventism (1963, ISBN 0-8028-0445-4)
  • What about Tongue-Speaking? (1966)
  • Holy Spirit Baptism (1972)
  • Amillennialism (1977)
  • The Bible and the Future (1979)
  • Created in God's Image (1986)
  • Saved by Grace (1989)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Handbook of Evangelical theologians, Elwell, Walter A., sdn. 276–289; 1993, útj. Baker Books.