Antal van der Duim

Ut Wikipedy

Antal van der Duim (It Hearrenfean, 16 septimber 1987) is in Nederlânsk profesjoneel tennisspiler út Finkegea. Yn 2011 wennet en wurket er meast yn Amsterdam by Amstelpark ûnder lieding fan Dick Suijk.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Duim groeide op yn Noardwâlde. Waard ek selektearre foar de jeugdoplieding fan SK It Hearrenfean. Spile by tennisferiening Ten Woude en it Fryske tennisbûn, eardat er de oerstap makke nei de trenings fan it nasjonale tennisbûn yn Almere. Wûn ûnder oare de Nederlânske jeugdkampioenskippen indoor en outdoor. Ek helle er in finaleplak yn de Windmillcup en wûn in ynternasjonaal toernoai yn Bruhl. Spile alle Grand Slams foar junioaren mei in kwartfinale op Wimbledon en in finaleplak op Roland Garros. Sûnt 2005 is er tennisprofessional. Die yn 2006 foar it earst mei oan de ATP tour op it ABN Amro tennistoernooi yn Rotterdam. Twa finaleplakken yn Sina, en fierder yn Eastenryk en Almere wienen de folgjende súksessen. Syn earste toernoaioerwenning helle Antal yn Israel.

Wurke mei de privee coaches Harold Jans en Nick Carr (eks-coach Martin Verkerk). Der folge in tiid mei in soad blessueres oan ankel en earmtakke mar helle dochs in finaleplak by de Natsjnale Masters (oerwinnings op ûnder oare Raemon Sluiter en Thiemo de Bakker).

Docht meast mei oan de ATP Challenger Tour end ITF Futures, beide yn inkel- en dûbelspul. Berikte syn heechste ATP singles plak, nûmer 341 op 3 oktober 2011, en syn heechste ATP doubles plak, nûmer 211, op 7 jannewaris 2008 mei Thiemo de Bakker.[1]

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Junioaren
  • Nederlânsk Kampioen Outdoor o/m 14 jier
  • Nederlânsk Kampioen Indoor o/m 14 jaar
  • 3e Wrâldkampioenskippen Junioaren o/m 14 jier Miami, Feriene Steaten
  •  1e ETA 1 Bruhl, Dútslân
  • Finaleplak Windmillcup Ljouwert, Nederlân
  • Finale Roland Garros Junioaren Parys, Frankryk
  • Kwartfinale Wimbledon Junioaren Londen, Ingelân
  • Heale finale Wimbledon Junioaren dûbel Londen, Ingelân
Senioaren
  • Winner 15.000$ Future fan Napoli, Itaalje
  • Winner 10.000$ Future Tel Aviv, Israel
  • 4 x finalist 10.000$ Future Sina
  • Finale, 10.000$ Future Eastenryk
  • Finale 10.000$ Future Almere, Nederlân
  • Winner 75.000$ Challenger dûbelspul Itaalje
  • 1e 50.000$ Challenger dûbelspul Saransk, Ruslân
  • Finale Nederlânske Kampioenskippen Indoor Rotterdam,   
  • Debút 2006 ATP Tour ABN AMRO World Tennis Tournament Rotterdam

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 2011 voor Thiemo de Bakker / Antal van der Duim |date=2011-09-12|work=teaninternational.nl|accessdate=2011-09-12