Spjaltpoatguozzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anseranas)

De spjaltpoatguozzen (Anseranas) binne in skaai yn de famylje fan de spjaltpoatgoesfûgels (Anseranatidae). Der is mar ien soarte yn dit skaai: de ekstergoes.

Earder waarden de spjaltpoatguozzen sjoen as part fan de einfûgels, mar wylst Spaltpoatguozzen lykje op guozzen binne se dochs mei de Guozzen net nau besibbe. Der binne dúdlike ferskillen tusken de spjaltpoatguozzen en de einfûgels, wêrûnder de heale swimfluezzen dy't it skaai syn namme jouwe. Nei alle gedachten binne spjaltpoatguozzen nauwer besibbe mei de razerfûgels as mei de Einfûgels.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]