Ansco Dokkum

Ut Wikipedy
Ansco Dokkum
sporter
Ansco Dokkum (1965)
Ansco Dokkum (1965)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 9 maaie 1904
berteplak Snits
stjerdatum 30 desimber 1985
stjerplak Amsterdam
sportive ynformaasje
sport silen
roeien
ûnderdiel 6 m R-Klasse
Manlju fjouwer sûnder
O.S. Amsterdam 1928, Berlyn 1936

Ansco Jan Heeble (Ansco) Dokkum (Snits, 9 maaie 1904 - Amsterdam, 30 desimber 1985) wie in Frysk roeier en hurdsiler. Dokkum hat twa kear meidien oan de Olympyske Simmerspullen, op de Spullen fan 1928 yn Amsterdam as roeier en op Spullen fan 1936 as hurdsiler. Hy hat nea in medalje wûn tidens de Spullen.

Roeien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Spullen fan 1928 yn Amsterdam naam Dokkum op 24-jierrige leeftyd diel út fan de fjouwer sûnder stjoerman. De Olympyske roeiwedstriid hie plak op it kanaal fan Sloten oer een rjocht stik fan 3000 meter. De fjouwer sûnder stjoerman ferlear yn de searjes fan Itaalje en wie útskeakele trochdat it ek yn de werkânsing ferlear fan Dútslân.

Hurdsilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Acht jier letter die Dokkum mei as siler oan de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn. Mei it skip "DeRuyter" behelle de Nederlânske ploech 42 punten yn de seis meter radiaal klasse. Dêrmei einigen se op in achtste plak.

Chef de Mission[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dokkum wie yn syn aktive tiid oansletten by studinteroeiferiening ASR Nereus yn Amsterdam. Fan berop wie er arts. Yn 1968 wie er op de Olympyske Simmerspullen fan 1968 yn Meksiko Chef de Mission fan de Nederlânske ploech.