Anschluss

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anschluß)

It Dútske wurd Anschluss, oant 1998 stavere as Anschluß, betsjut letterlik 'oansluting' of 'ferbining' en oerdrachtlik anneksaasje. Mei de term 'De Anschluss' wurdt meastal spesifyk de Dútske anneksaasje fan Eastenryk yn in Grut-Dútslân (1938) oantsjutten.

Dy Anschluss wie yn tsjinstelling ta de Ausschluss, de útsluting fan Eastenryk út Dútslan, meastal spesifyk sa't dat tusken 1866 en 1871 late ta it troch Prusen oerhearske Dútslan. Anschluss en Ausschluss wienen foar 1866 de twa manearen om ta in Dútske ienheid te kommen: Grut-Dútslân mei, en laat troch, Eastenryk of Lyts-Dútslân sûnder Eastenryk. Otto von Bismarck wist troch it oangean fan de Dútske Oarloch yn 1866 it Dútske Bûn iepen te brekken. De Ausschluss waard yn 1871 folslein troch de stifting fan it troch Prusen oerhearske Dútske Keizerryk.

Stimbiljet fan 10 april 1938. De biljettekst is: "Binne jo it iens mei it opnij ferienjen fan Eastenryk mei it Dútske Ryk dat opsteld is op 13 maart 1938, en stimme jo foar de partij fan ús lieder Adolf Hitler?"; yn de grutte sirkel stiet "Ja," de lytsere "Nee"

Nei de Earste Wrâldkriich foel Eastenryk-Hongarije útelkoar. Op 12 novimber 1918 waard de Eastenrykske republyk útroppen. It Ferdrach fan Versailles út 1918/1919 ferbea mei klam eltse oansluting fan Eastenryk by Dútslân. Ynearsten hâlde Eastenryk noch ferkiezings, allinne foar manlju.