Anna (East-Fryslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Anna fan Aldenboarch

Anna fan Aldenboarch (Aldenboarch, 14 novimber 1501 - Emden, 24 septimber 1575) wie in dochter fan Johan V fan Aldenboarch en fan Anna fan Anhalt-Zerbst. Hja boaske mei Enno II fan East-Fryslân. Nei syn betide dea yn 1540 naam hja it regintskip oer foar har minderjierrige soannen Edzard, Christoffel en Johan. Dit regintskip soe duorje oant 1561. Hja krige dêrby de steun fan de stannen. Sels grifformeard, liet hja alle godstsjinstige gesindten ta yn it greefskip en it is mar de fraach fan de keizer dat hja yn 1549 de werdopers it grûngebiet ûntseit. Anna herfoarmde fierders de rjochtspraak fan East-Fryslân yn 1545. Yn 1556 lôge noch in amerij it konflikt mei Harlingerlân op, mar Anna brocht de saak foar it rykskeamergerjocht en wûn it geding. Yn 1558 skafte hja de primogenituer ôf yn East-Fryslân, wêrtroch har trije soannen opfolgingsgrjocht krigen. Mooglik barde dit om de ynfloed fan it Hûs Wasa te beheinen. Catharina, de frou fan har âldste soan Edzard was ommers in dochter fan Gustaaf Wasa. Dizze beslissing late ta in feitlike twadieling fan it greefskip, temear omdat Edzard lutersk wie, en syn broer Johan en Anna sels oanhingers wienen fan it kalvinisme.

Bern[bewurkje seksje | edit source]